Stille tocht

Fansels hie ik hjir skriuwe kind oer de stille tocht dy't jûn yn It Feen plakfine sil. Mar aldergelokst wie Bart Kingma my juster foar en joech my folslein terjochte in snútslach. Tank dêr foar.
It is nammentlik de muoite net wurdich.

Der wie in tiid dat in stille tocht in betsjutting hie. No dogge se it foar in deade fisk en in stel sukkels by it balskoppen. Alle wearde is út it fenomeen stille tocht helle, dus hoege jo der ek gjin oandacht oan te skinken.

Nee, in tige nijsgjirrich artikel yn de LC fannnemoarn. Dêr moatte wy it mar efkes oer ha.

It Nederlands Dagblad hat in ferkiezing útskreaun. No mei ik graach in eintsje rinne, ien fan myn moaiste loopkes is oer Ald Beets. Grif net in soad fan jim witte dat dêr noch in tige âld begraafplak is, mei hjir en dêr in stik fundamint dat ta de grûn útstekt. Ik kom net út dizze krite, dus moast ik troch te freegjen en op ynternet te sykjen útfine wat dêr ea stien hat.

Ik wist net fan it bestean fan dizze priisfraach, mar it Nederlands Dagblad freget om út in list fan 58 selektearre godshuzen de moaiste ôfbrutsen tsjerke te kiezen. Dat is nochris wat oars as BNers dy't se fan in dûkplanke ôfsmite. Ien fan de nominearre net mear besteande tsjerken stie op it hôf fan Ald Beets, it wie de Adel Tsjerke. It giet te fier om hjir de hiele skiednis op te skriuwen, mar dat it in moai gebou west hat, mei út de foto bliken dwaan. Hy hat de einstriid net helle, dat binne de Sint Michaëlskerk yn Swol en de Westerkerk yn Hengelo wurden. Op de side wêrfan it linkje hjir stiet, kinne jim sjen hokker moaie bouwurken yn de skiednis ôfbrutsen binne. http://www.mooistegeslooptekerk.nl/ 

Mochten jim ea ris by it hôf fan Ald Beets komme, dit stie der oant 1984 ta. Miskien moatte wy der mar ris in stille tocht foar hâlde. 

adelskerk_beets


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen