Posts

Reinbôgen okee, mar bliuw fan ús flagge ôf.

Afbeelding
  Reinbôge   In slinger fan reinbôgen tusken de tuorren. Alle bankjes en kûpstuoltsjes yn reinbôge-kleuren opfervje. De tuorren sels ek. Gjin inkel probleem. Om my fervje we it gers fan it Sjûkelân ek yn reinbôge-kleuren. De ballen: ek daliks in reinbôge yn printsje. Der is gjin inkel ekskús om net sjen te litten dat wy minsken net wolkom hjitte, hoe’t se ek binne, fan wa’t se ek hâlde. Gjin inkel ekskús. De wanten meie ek in moaie reinbôge op nifele wurde, alle keatsers yn in shirt mei in reinbôge. It span Fryske hynders mei in dek op yn reinbôge-kleuren en de koets, plus de koetsier, alles mei utering jaan oan it feit dat we hjir in iepen Mienskip binne. Lit dêr gjin inkel misferstân oer bestean. Hooplik ha ik no Ate mei deselde achternamme as ik en Abe de Vries, syn maat, oertsjûge fan it feit dat ik harren stribjen nei lykweardichheid yn hast alles stypje. Werklik hast yn alles. En de reden ha ik in skoft lyn alris opskreaun.   Ken uw geschiedenis: It is tiid ...

Mar it wie op TV, dus dan...

  Ik wie wer ris tsjûge fan in petear. Nei twa sinnen siet ik der al hielendal yn. Even hie ik oanstriid om it op te nimmen, want it gie ergens oer, mar ik ha it net dien😇. Flak dêrnei krige ik oanstriid om my der yn te mingen, mar ek dat die ik net. De setting wie in bankje, (wêr oars) ergens yn Fryslân. It begjin moat ik jim skuldich bliuwe, want doe wie ik der noch net. De gearstalling fan it selskip sil ik ek net ferklappe, want dat docht der net echt ta.     ‘En de moard op dy Fortuyn dan?’ ‘Hoe bedoelst?’ ‘No, dy wie fan de polityk.’ ‘Se wienen beide faak op de telefyzje.’ ‘O, dat sil wol. Ik sjoch eins gjin jeuzelprogramma’s mear neidat ... der net mear is.’ ‘Wat dochst dan jûns? Ik bin bliid dat der in TV is.’ ‘Ik sjoch wol, mar nei oare dingen. Ik ha hast 500 netten, der is altyd wol wat op.' 'Mar wat dan?' 'Ehh... Oer de oarloch of wat oars dat my oansprekt.’ ‘Dat is al sa lang lyn.’ ‘Ja, mar as ik de kranten leauwe mei, giet it wer de...

Sander en Avine

Afbeelding
  Oan Arno Brok   It hong al in skoftsje yn de loft, de docu dêr’t kollega skriuwer Bart Kingma en eminint ûndersykssjoernalist Onno Falkena de winsklikheid en helberheid fan in Lelylijn en in dêroan keppele Deltaplan tsjin it ljocht hâlde. Yn tal fan opiny en oare stikken yn regionale en lânlike kranten wie it grutte ferset tsjin dizze megalomane opstigings al te lêzen, de healoere dy’t Kingma, Falkena en harren team dêr oan taheakje lit hielendal neat mear oerein fan de Noardlike bestjoerlike wiete dream.   Werklik op alle fronten wurde de poaten ûnder stuollen fan dizze opstiging wei seage. En it is totaal net omdat wy hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân net foarút wolle, krekt it tsjinoerstelde. Mar sa net! It takomstbyld fan in miljoen mear ynwenners yn it Noarden is eat dêr’t wy earst mar ris in djipgeande maatskiplike diskusje oer ha moatte, wolle wy dat en wat docht it mei de unike eigenheid fan it Noarden. Net mei de gerdinen ticht en mei de rêch ne...

Water under the bridge yn 2030

Afbeelding
    It jier 2030 liket yn de eagen fan in soad planmakkers in hillich jier. Foar it gefoel is der noch in wrâld oan tiid om de meast ideologyske fiersichten te betinken, út te wurkjen en te realisearjen.   Dat is net sa. 2030 is by wize fan sprekken oaremoarn. Oer in pear moannen is it 2022, dus noch mar twa bestjoersperioaden en it is safier. De kliuw tusken de Rânestêd en de fly-over gebieten yn de rest fan Nederlân waard dizze wike wer in kear hiel skerp delsetten troch de Volkskrant. Dy krante dy’t yn al syn wiisheid al stoppe is mei it besprekken fan auto’s dy’t net elektrysk oandreaun binne. Ik freegje my wolris ôf oft se op de redaksje fan dy krante wol troch ha yn hokker tiidframe we dat sette moatte.   Foarbyld: In dei as wat lyn stie yn de krante dat der op grutte skeal fersmoarge benzine nei Afrika ferhannele wurdt. Omdat se dêr net sa nau sjogge as hjir. Dêr ride se noch fleurich mei út Europa eksportearre fersmoargjende auto’s dy’t hjir yn gu...

Restauraasje WO771 yn Corona-tiid. De deskundige: 'Doe maar in de kachel'

Afbeelding
Corona-boat WO 771   It sil ergens yn de maitiid fan 2020 west ha. De wrâld stie op de kop troch de corona-perikelen en der drige in lockdown. Nimmen hie ea tocht dat in hiel lân sa yn de besnijing reitsje soe fan in firus út Sina. En der wienen noch wat saken dêr’t we yn de persoanlike sfear drok mei wienen, mar dat hoecht net eltsenien te witten. Wat wol relevant is: Minsken begûnen har nuver te gedragen. Guon dêr’t je it nea fan ferwachte hienen, mar dat heart der by, ha ik letter fan in ûnderfinings-deskundige leard. Yn minne tiden leare jo jo freonen kennen en dat blike der dan altyd folle minder te wêzen, wat op himsels gjin probleem is. De echten bliuwe oer, sis mar. Myn each foel op in Facebook berjocht fan myn neef Jan. Dy dielde in berjocht dêr’t in feiling yn oankundige waard. Fan in hiele soad âlde trekkers en dêroan besibbe artikels. No wenje wy sûnt in jier as wat op in plak dêr’t in âlde trekker net echt mear fan tapassing is, mar ik ha as jonge in soad trekk...

Goed nijs foar Fryslân!

Afbeelding
Mei de rêch nei bûten? Op 9 Juny 21 twittere it ministearje fan ynlânske saken dat se goed nijs hienen. Der is genôch kapasiteit om oant it jier 2030 goed 900.000 nije wenningen te bouwen. Op in kaartsje dat der by stie, wie goed te sjen wêr’t dy nijbou foaral plakfine sil. It sil jim net fernuverje dat it gros yn de Rânestêd realisearre wurde sil. Noard Hollân, Utert, Súd Hollân en Noord Brabân komme yn dizze berekkening allegearre boppe de 100.000 nije wenningen. It Noarden docht it in stik rêstiger, mar dat is te ferwachtsjen. Wêrom?   No, minsken binne foaral yn it earste plak gewoantebisten. As jo famylje al generaasjes yn in bepaalde hoeke fan it lân wennet, is de kâns grut dat de bern dêr ek settelje wolle. Gewoan, om ticht by freonen en kunde te wenjen. Neat frjemds oan. Der binne ek oaren, mar de macht fan de grutte getallen wiist dochs út dat in soad folk hechtet oan harren eigen, fertroude stikje wrâld. Minsken binne yn ’e regel net fan dy dryste ûndernimmers as it oer...
Afbeelding
  Softporno-polityk.   We moatte it even oer it wurd demisjonêr ha. Jim witte wol, dat is de steat dêr’t ús kabinet op dit stuit yn sit. Ik ha de betsjutting even foar jim opsocht, skrik net as jim it hearre. Een  minister  als individueel lid, of een  regering  als collectiviteit is demissionair indien deze niet langer het vertrouwen geniet van een meerderheid van de  wetgevende macht  en als gevolg hiervan haar ontslag heeft ingediend. Het gevolg hiervan is dat deze regering enkel nog de lopende zaken mag afhandelen en geen omstreden zaken mag behandelen. Mei oare wurden, in demisjonêr kabinet sit der inkel noch om, sa as se dat sizze, op de winkel te passen. Omdat der gjin fertrouwen mear yn harren is. No wit ik net oft jim de ôfrûne tiid de polityk noch wat folge ha, mar it kabinet ûnder oanfiering fan Mark Rutte strielet no net echt út dat se nederich dwaande binne om op de winkel te passen. Sterker, se binne de winkelformule oan it f...