Mar it wie op TV, dus dan...

 

Ik wie wer ris tsjûge fan in petear. Nei twa sinnen siet ik der al hielendal yn. Even hie ik oanstriid om it op te nimmen, want it gie ergens oer, mar ik ha it net dien😇. Flak dêrnei krige ik oanstriid om my der yn te mingen, mar ek dat die ik net. De setting wie in bankje, (wêr oars) ergens yn Fryslân. It begjin moat ik jim skuldich bliuwe, want doe wie ik der noch net. De gearstalling fan it selskip sil ik ek net ferklappe, want dat docht der net echt ta.  

 

‘En de moard op dy Fortuyn dan?’

‘Hoe bedoelst?’

‘No, dy wie fan de polityk.’

‘Se wienen beide faak op de telefyzje.’

‘O, dat sil wol. Ik sjoch eins gjin jeuzelprogramma’s mear neidat ... der net mear is.’

‘Wat dochst dan jûns? Ik bin bliid dat der in TV is.’

‘Ik sjoch wol, mar nei oare dingen. Ik ha hast 500 netten, der is altyd wol wat op.'

'Mar wat dan?'

'Ehh... Oer de oarloch of wat oars dat my oansprekt.’

‘Dat is al sa lang lyn.’

‘Ja, mar as ik de kranten leauwe mei, giet it wer de ferkearde kant út.’

‘Hoesa?’

‘Ik ha lêzen dat it foar bepaalde fûnsen ferbean wurdt om jild yn Joadske bedriuwen te belizzen dy’t yn de Nedersettings aktyf binne.’

‘Ach je, larie. Dat sil dochs net?’

‘Neffens my hat de 2e Keamer dat regele. Aanst begjint alle ellinde wer opnij.’

‘Haha, ik leau der neat fan. Dan hie ik dêr grif wol wat oer heard yn Op1 of by Beau of sa.’

‘Tinkst?’

‘Fansels wol. Neffens my sjochsto nei de ferkearde stjoerders.’

‘Ik sjoch net nei praatprogramma’s, dat sei ik dochs krekt? Ik lês kranten.’

‘Ja, it sil allegearre wol. Jûn komt ‘Help, mijn man is klusser’ der wer op. Hast dat wolris sjoen? Maaaachtich!’



 

 

 

 

 

    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen