Water under the bridge yn 2030

 



 

It jier 2030 liket yn de eagen fan in soad planmakkers in hillich jier. Foar it gefoel is der noch in wrâld oan tiid om de meast ideologyske fiersichten te betinken, út te wurkjen en te realisearjen.

 

Dat is net sa. 2030 is by wize fan sprekken oaremoarn. Oer in pear moannen is it 2022, dus noch mar twa bestjoersperioaden en it is safier. De kliuw tusken de Rânestêd en de fly-over gebieten yn de rest fan Nederlân waard dizze wike wer in kear hiel skerp delsetten troch de Volkskrant. Dy krante dy’t yn al syn wiisheid al stoppe is mei it besprekken fan auto’s dy’t net elektrysk oandreaun binne. Ik freegje my wolris ôf oft se op de redaksje fan dy krante wol troch ha yn hokker tiidframe we dat sette moatte.

 

Foarbyld: In dei as wat lyn stie yn de krante dat der op grutte skeal fersmoarge benzine nei Afrika ferhannele wurdt. Omdat se dêr net sa nau sjogge as hjir. Dêr ride se noch fleurich mei út Europa eksportearre fersmoargjende auto’s dy’t hjir yn guon stêden net mear binnen de ring komme meie. It probleem is dat dat ek noch desennia sa bliuwe sil. Yn Afrika hat yn ferhâlding ta Europa en Amearika noch hast gjin minske in corona-prik hân. Se sille dêr ek noch yn disel- en benzine-auto’s riden bliuwe, as we se hjir al yn in museum plante ha. Ik gok dat der yn it jier 2075 noch altyd lannen binne dy’t goud jild fertsjinje oan de eksport fan oalje.

 

2030 is in út de loft sûge datum dêr’t we net al te folle oan ophingje moatte. It is gewoan net realistysk. It listje fan missys dêr’t de Volkskrant mei kaam is dat ek net, hoe nobel ek.

 

1: CO2 neutraal yn 2030 is in moai idee, mar fansels in utopy.

2: De vega-lobby giet op de burelen fan de Randstedelijken safier dat se it yn 2030 in missy fine om Nederlân fleisfrij te hawwen, wylst der ferline jier noch nea safolle fleis iten is. Je freegje jesels dan wolris ôf wat de realiteitssin fan in stik is.

3: Noch ien: De meast bedrige soarten yn Nederlân moatte rêden wurde. Fansels, in geweldige missy. Mar as je dat útwurkje, sil de predaasje in slach tabrocht wurde moatte. Dat binne dy tige knuffelbare bisten lykas foks, marter, earrebarre en oer in jier as wat de wolf. No, kom dêr mar ris mei yn Amsterdam. Kânsleas dus, dizze missy. Sels it twongen stopjen fan de hiele agraryske sektor sil dêr gjin sprút feroaring yn bringe. De balâns yn de natuer is der net yn parklandschap Nederlân, akseptearje dat gewoan in kear, der sil beheard wurde moatte.

4: In driuwende stêd dy’t himsels rêde kin. Dit megalomane plan moat yn acht jier realisearre wurde. Sille wy it ris op 2050 sette en dan konkludearje dat it de safolste proefballon wie dat ferfongen is troch ynpoldering fan stikken Noardsee en de Markerwaard?

Okee. Punt 5 is ien dêr’t ik hielendal achter stean. De oaren ek foar in part, mar dit is ien dêr’t we de wrâld mei foarút helpe kinne. Nimmen yn Nederlân mear ‘laaggeletterd’ Geweldich om dêr op yn te setten. Daliks dwaan. Mar dan moatte de minsken dy’t dêr foar soargje moatte, de motivaasje fine om foar in klasse te stean. Want it is net de planmakker of de útwurker dêrfan, de managementlagen dy’t der dan wat mei miene te moatten en de polityk dy’t sa dreech as sjerp is, mar de juffen en masters op de basisskoallen. Dy moatte it dwaan. Mar ek hjir is 2030 in kulgetal. Der binne safolle trochrinnende faktoaren dy’t dêr op fan ynfloed binne dat je soks gewoan net oan in jiertal ophingje kinne.

 

En dan punt 6. It meast Randstedelijke punt yn it listje. Elts jier in Alvestêdetocht. CO2 neutraal. Neist it feit dat we it net iens alle jierren wolle moatte, omdat der dan neat fan de sjarme fan de tocht oerbliuwt, is it ek in bewiis dat net folle minsken mear witte hoe lang in iisbaan fan 200 kilometer is. Kompleet net realistysk.

 

Jim meie my yn 2030 ôfrekkenje op dizze kollum. Want no sil de teneur wol wêze dat ik negatyf bin, mar ik ferfang dat wurd leaver troch realistysk. Myn stelling is dat net ien fan de punten helle wurde sil. Oant nije wike!

 

 

     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'