Goed nijs foar Fryslân!



Mei de rêch nei bûten?

Op 9 Juny 21 twittere it ministearje fan ynlânske saken dat se goed nijs hienen. Der is genôch kapasiteit om oant it jier 2030 goed 900.000 nije wenningen te bouwen. Op in kaartsje dat der by stie, wie goed te sjen wêr’t dy nijbou foaral plakfine sil.

It sil jim net fernuverje dat it gros yn de Rânestêd realisearre wurde sil. Noard Hollân, Utert, Súd Hollân en Noord Brabân komme yn dizze berekkening allegearre boppe de 100.000 nije wenningen. It Noarden docht it in stik rêstiger, mar dat is te ferwachtsjen. Wêrom?

 No, minsken binne foaral yn it earste plak gewoantebisten. As jo famylje al generaasjes yn in bepaalde hoeke fan it lân wennet, is de kâns grut dat de bern dêr ek settelje wolle. Gewoan, om ticht by freonen en kunde te wenjen. Neat frjemds oan. Der binne ek oaren, mar de macht fan de grutte getallen wiist dochs út dat in soad folk hechtet oan harren eigen, fertroude stikje wrâld. Minsken binne yn ’e regel net fan dy dryste ûndernimmers as it oer it sykjen nei it lytse gelok giet. It is dan ek gjin wûnder dat de measten harren partner fine op mar in pear kilometer fan dêr’t se wenje. Nochris, der binne ek oaren, neat mis mei, mar it gros docht it noch krekt as eartiids. Is dat in skande? Fansels net.

 Dy tweet fan it ministearje wie net foar eltsenien goed nijs. De bestjoeren fan de noardlike provinsjes skeaten grif yn in kramp. Harren proefballonnen Deltaplan en Lelylijn waarden hjirtroch mei skerpe attributen oanfallen. Miskien sels al lek stutsen, want as je dan út polityk Den Haag ek noch in kear de melding krije dat de VVD en D66 oan de formaasje tafel sein ha dat dy beide ballonnen wat harren oanbelanget net in hurd punt binne, slacht fansels de panyk ta. (Ja, jo kollumnist heart wolris wat)

 Karma is a bitch, sizze se dan. Yn sân hasten moast der oan krisismanagement dien wurde. En hoe dogge je dat better as troch de rêch nei bûten te kearen? Lekker feilich yn jo eigen bestjoerlike rûntsje de skea op te nimmen en it elektoraat even bûten de diskusje te hâlden? Want dat is wat der barde.

 Yn de oarspronklike aginda foar de behanneling fan it Deltaplan stie as iepening de mooglikheid foar boargers en ynstânsjes om yn te sprekken. Sjoch mar nei it plaatsje. 



Mar wûnderbaarlik, in goed oere nei it nijs út Den Haag hat de aginda-kommisje en de griffy yn al harren wiisheid it earste punt fan de aginda helle. Fierderop yn de nije fariant stiet dat se beprate sille hoe’t de Mienskip yn de takomst by it plan belutsen wurde kinne. Nochris, sjoch mar nei dit plaatsje 


En dan binne der ek noch guon dy’t dat ‘in lytse oanpassing’ fine.

Dy tweet út Den Haag is goed nijs foar Fryslân. 12.600 hûzen sa as se oanjûn binne op dat kaartsje kinne moai op it plak boud wurde dêr’t se nedich binne. Dus net bouwe om it bouwen en om in totaal oerstallige Lelylijn spoarbaan út te ûnderhanneljen, mar bouwe om de bern út Fryslân de kâns te jaan om yn harren eigen omjouwing wenjen te bliuwen. Wiis wêze mei ús romtlike kapitaal, dat soe it kredo wêze moatte foar de kommende Provinsjale ferkiezings. It docht út de sifers gewoan bliken dat nimmen sit te wachtsjen op megalomane oantallen nije wennings yn it noarden. Brûk dy Fryske nochterheid en set yn op duorsum, toerisme en soargje sa dat de Friezen de lokkichste ynwenners fan Nederlân bliuwe. Want dat binne we no noch, gelokkich. Mei troch dy tweet fan it ministearje kinne we it bliuwe. 

Ik bin benijd oft de provinsjale polityk de Friezen lokkich hâlde wol. Miskien kinne se ûnder ynfloed fan in bakje slim krûderige tee ta in helder ynsjoch komme oer wat der werklik ta docht yn it libben. Dat wol soms by eks boargemasters ek omraak helpe, ha ik begrepen.     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen