Sander en Avine

 

Oan Arno Brok

 

It hong al in skoftsje yn de loft, de docu dêr’t kollega skriuwer Bart Kingma en eminint ûndersykssjoernalist Onno Falkena de winsklikheid en helberheid fan in Lelylijn en in dêroan keppele Deltaplan tsjin it ljocht hâlde. Yn tal fan opiny en oare stikken yn regionale en lânlike kranten wie it grutte ferset tsjin dizze megalomane opstigings al te lêzen, de healoere dy’t Kingma, Falkena en harren team dêr oan taheakje lit hielendal neat mear oerein fan de Noardlike bestjoerlike wiete dream.

 

Werklik op alle fronten wurde de poaten ûnder stuollen fan dizze opstiging wei seage. En it is totaal net omdat wy hjir yn de moaiste provinsje fan Nederlân net foarút wolle, krekt it tsjinoerstelde. Mar sa net! It takomstbyld fan in miljoen mear ynwenners yn it Noarden is eat dêr’t wy earst mar ris in djipgeande maatskiplike diskusje oer ha moatte, wolle wy dat en wat docht it mei de unike eigenheid fan it Noarden. Net mei de gerdinen ticht en mei de rêch nei bûten as it even kin. Want út datsoarte oerlizzen komme deidreamen lykas Deltaplannen en Lelylinen.

 

De ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens krige yn de LC romhertich de romte om mei it fingerke omheech har gelyk te preekjen, mar it wurdt tiid om har tsjin harsels yn beskerming te nimmen. Der komt gjin trochrinnende line nei Dútslân, no net en noch in hiel skoft net. In Lelyline allinnich nei it Noarden is kolder, dat seit de heechlearaar yn de docu, want minsken wolle leafst by harren roots wenjen bliuwe. Dat stiet trouwens ek al yn tal fan opinystikken, dy’t se grif wol lêzen hat mar net ta har nimt omdat se te bot ôfsletten yn har eigen bubbel sit. Miskien soe in besite oan in eks-deputearre in opsje wêze, ik wol har de namme wol trochspylje. Dêr kin se in soad fan leare.

 

It wurdt tiid dat ús kommissaris Arno Brok syn rol as foarsitter fan it kolleezje oppakt en syn partijgenoat Avine even apart nimt. Hy soe har útlizze moatte dat je soms je ferlies nimme moatte omdat der gruttere machten oars tinke as dat jo dogge. Mei yn syn achterbûse de boargemasterspriis foar ferbinend fermogen moat Brok dat putsje wol opknappe kinne.

 

Je moatte yn polityk soms ek gewoan leep wêze. Ek dêryn blinke guon út en oaren net. Sjoch, der wie in skoft lyn ek alris in diskusje oer in pear spoarbanen. De Zuiderzeelijn en de Hanzelijn. Dy earste sneuvele, de twadde kaam der wol. Der wie ien stêd dy’t dêr fiktoarje oer kraaide. Kampen. En Kampen hat dizze wike in nije boargemaster oankundige. De Fryske deputearre Sander de Rouwe, kollega fan Avine Fokkens dus. Sander seach it swurk grif al in skoftsje driuwen en kiest foar it ‘winnende’ kamp.   

 

Miskien kin kommissaris Brok in pear frijkaartsjes regelje foar frou Fokkens. Foar it modelspoarmuseum yn Snits, dat fine de bern grif ek wol aardich as kompensaasje foar al dy tiid dat mem allinnich mei de treintsjes boarte hat. Se kinne der út Ljouwert wei sels mei de trein komme, hoe moai is dat?  





    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen