Softporno-polityk.

 

We moatte it even oer it wurd demisjonêr ha. Jim witte wol, dat is de steat dêr’t ús kabinet op dit stuit yn sit. Ik ha de betsjutting even foar jim opsocht, skrik net as jim it hearre.

Een minister als individueel lid, of een regering als collectiviteit is demissionair indien deze niet langer het vertrouwen geniet van een meerderheid van de wetgevende macht en als gevolg hiervan haar ontslag heeft ingediend. Het gevolg hiervan is dat deze regering enkel nog de lopende zaken mag afhandelen en geen omstreden zaken mag behandelen.

Mei oare wurden, in demisjonêr kabinet sit der inkel noch om, sa as se dat sizze, op de winkel te passen. Omdat der gjin fertrouwen mear yn harren is. No wit ik net oft jim de ôfrûne tiid de polityk noch wat folge ha, mar it kabinet ûnder oanfiering fan Mark Rutte strielet no net echt út dat se nederich dwaande binne om op de winkel te passen. Sterker, se binne de winkelformule oan it fernijen, ferbouwe yntiids de saak ek noch even en dogge dit mei it elan fan in stel opportunisten dy’t ferjitten binne dat der gjin fertrouwen mear yn harren is. 

De media docht der fleurich oan mei troch yn hast alle berjochten oer it kabinet te sprekken sûnder it wurd demisjonêr te brûken. 

Wat hat it dan noch foar doel om de kneppel yn it hinnehok te smiten en in kabinet fuort te stjoeren? It liket de lêste wiken wol of ha se noch nea safolle moasjes en proefballonnen oannaam. Wat is dat? Mei de finish yn it sicht besykje safolle mooglik Rutte 2 belied der troch te rammen en de kiezers yn it gesicht út te laitsjen? Yntiids wurde we oerspield mei ferkenners en ynformateurs fan in partij dy’t no net daliks ta de grutsten yn de Keamer heart. It is yn alles krekt as fine de Haagse politisy dy ferkiezings mar in ferfelende bysaak en lûke se in lange noas nei it elektoraat. 

It liket in nije trend yn de polityk te wêzen om foaral de eigen, troch sûffleurs betochte plannen der troch te hammerjen. Of dy plannen wol as net yn in partijprogramma stienen doe’t it elektoraat der wat oer te sizzen hie, docht der net mear safolle ta yn it Nije Liederskip. 

It is in hiele gefaarlike wiziging yn it hanneljen fan de polityk. Steatsrjochtlik soe dêr ris goed ûndersyk nei dien wurde moatte. 

Provinsjaal falle de Lelylijn en it Deltaplan fan it Noorden ûnder deselde wize fan dwaan. Yn gjin inkel partijprogramma út 2019 steane dizze saken beskreaun sa as se no nei bûten kaam binne. 

Wy ha hjir de mûle fol fan diktatoriale steaten dêr’t nimmen earne wat oer te melden hat, mar foar ús eagen ûntrôlet him yn ús eigen lân en provinsje de softporno ferzje.      

Reacties

  1. Dit is wêr ik âl die tiid nei it omfâllen fân it soadsje ek mei omrin. Kreas ferwudde.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. de arrogantie fan de vvd is dus in bliuwend fenomeen

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen