Restauraasje WO771 yn Corona-tiid. De deskundige: 'Doe maar in de kachel'

Corona-boat WO 771


 

It sil ergens yn de maitiid fan 2020 west ha. De wrâld stie op de kop troch de corona-perikelen en der drige in lockdown. Nimmen hie ea tocht dat in hiel lân sa yn de besnijing reitsje soe fan in firus út Sina. En der wienen noch wat saken dêr’t we yn de persoanlike sfear drok mei wienen, mar dat hoecht net eltsenien te witten.




Wat wol relevant is: Minsken begûnen har nuver te gedragen. Guon dêr’t je it nea fan ferwachte hienen, mar dat heart der by, ha ik letter fan in ûnderfinings-deskundige leard. Yn minne tiden leare jo jo freonen kennen en dat blike der dan altyd folle minder te wêzen, wat op himsels gjin probleem is. De echten bliuwe oer, sis mar.

Myn each foel op in Facebook berjocht fan myn neef Jan. Dy dielde in berjocht dêr’t in feiling yn oankundige waard. Fan in hiele soad âlde trekkers en dêroan besibbe artikels. No wenje wy sûnt in jier as wat op in plak dêr’t in âlde trekker net echt mear fan tapassing is, mar ik ha as jonge in soad trekkers opknapt. Prachtich moai wurk. Mar klear, tiden hawwe tiden, sûnt myn 40e skriuw ik en doch (die) wolris wat yn de presintaasje-hoeke. Nije útdagings, sis mar.

Ik blêde wat digitaal troch de feiling en ien fan de lêste kavels foel myn each op.

 

Diverse nostalgische nautische attributen’

 

Op de earste foto stie in houten boatsje. En ik wie daliks ferkocht. De foarm fan it skipke wie prachtich, der stie in stokâlde lampe op de mestelbank en ik tocht: Hjir ha ik wol nocht oan. It ding wie fiif meter lang, dat soe dus krekt yn ús hok passe. Mar ja, in online feiling... Op de saneamde ‘kijkdagen’ hie ik gjin tiid, want it libben fan in zzp’er yn myn branche lit him kwa planning net altyd stjoere.

Leafde makket blyn, sizze se en der is gjin gruttere wierheid. Ik seach inkel nei de foarm fan it boatsje en klikte troch de foto’s sûnder der echt goed nei te sjen. Doe’t de feiling oan syn digitale ein kaam, ha ik in knap stik boppe de it heechste bod bean, en ferdomd as it net wier is, ik wie samar eigner fan in boat!

 

Doe’t ik op myn scooter nei it bedriuw gie om te besjen wat ik no krekt kocht hie, skrok ik al in bytsje. Guon fan de ‘nostalgyske attributen’ wienen kreas oer it flak fan it skipke lein, mar dêr koe ik myn fûst op meardere plakken trochhinne stekke. Mei oare wurden, it ding wie kats ferrotte. Alle spanten en it hiele flak wie nei gychem. Op wei nei hûs krige ik in moessonbui op de kop, wy ha 45 minuten mei fiif man en in elektryske rolstoel yn in bushokje skûle. As dit mar gjin foarteken is, tocht ik. 

 

It makke de trekker restaurateur yn my wer klearwekker. Mei in pear sterke hannen út famyljerûnte ha we de boat op in trailer setten. Fia myn skriuwkollega Hilda Talsma en Jelle, har man, kaam ik by in deskundige yn Warten telâne. Ik frege wat ik it bêste mei dit projekt dwaan koe. Hy hat der in slach omhinne west en sei doe letterlik:

 

‘Doe maar in de kachel, hier is geen beginnen aan.’

 

Okee. Dan wurdt it foar my dus in útdaging, want ik bin sa dwers as pakjetou as deskundigen dingen ôfskriuwe. Ik ha nei it Scheepvaart Museum yn Snits west, omdat wy de letters op de boat net thúsbringe koenen. It blykte nei in skoft sykjen te gean om in boatsje út Workington, dat leit yn Ingelân, boppe Liverpool.

 

En doe ha ik, om troch de tiid te kommen en de kop leech te meitsjen, it boatsje stikje by bytsje ûnder hannen naam. Der bleau úteinlik net mear fan oer as de boppeste pear planken, de rest is allegearre nij. En omdat ik better mei izer as mei hout bin, ha ik dêr foaral mei wurke. Sjoch mar even nei de foto’s.     

 







































 



En sa is it gien. Miskein komme we jim wolris ergens tsjin.😊

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'