Posts

Posts uit mei, 2011 tonen

Grote argewatie in het Feen

De hiernavolgende waarschuwing betreft alle volk dat zich op 's heren wegen in en om het Feen durft te begeven. Het kan u en de uwen overkomen dat u wordt ingehaald door een man op leeftijd, die een straffe sprint achter den Rolls Royce op de krees geplaveide weg neerlegd. Waak ervoor dat u niet uit het veld geslagen wordt door deze demonstratie van puur atletisch vermogen, en vervolgens om een boom heen teert. De kreze atleet is namelijk de pater familias van den Snippen, die druk doende is met zijn wederopstanding. Zulks gaat gepaard met spetterende demonstraties in en om het drukke centrum ter plaatse. Het kan gemotoriseerd, met den benenwagen of stilstaand op den fiets zijn, dat u met dit fenomeen geconfronteerd wordt. Een Snip is nu eenmaals niet voor twee gaten te vangen, laat staan voor drie. Ik mag u mededelen dat op grond van den plaatselijke verordening, en tevens na ingravend overleg met de er in deze zaak toe doende overheden, besloten is deze situatie voor onbepaa

STATUS QUO - 4500 TIMES.wmv

Afbeelding
Dit is de komplete!

Warskôging foar in bever. (Alwer? Ja.)

Sjoch no wol! Dêr ha je it gemiter al. Wêrom moatte minsken oeral mei de fingers oan sitte te peuterjen. We gean efkes werom nei 6 maaie. http://stikelstekker.blogspot.com/2011/05/ed-en-willem.html  Toe mar! Klik mar oan. Krekt. De Bever. En hjoed? Spoaren fan in bever fûn yn de Alde Feanen. En wij wisten niet waar de bever wegkwam. No, ik wol. Dat is de wederhelte fan dat earme bist dat se nei ien dei oansterkjen nei Drinte brocht ha. Fan Langwar nei de Alde Feanen is foar in bever mar in loopke. En dy bever út Langwar mankearre neat fansels, oars hienen de animalcops gjin tastimming jûn om it bist te ferfieren. Jo binne in jong, fereale beverpear en wolle hiel wat oars. Dus, mar nei it noarden ta. Manleaf bedarret yn Langwar. 'Ik sil efkes sjen hoe't it dêr liket,' seit er. Net frjemd, want se binne hjir noch nea earder west. De rest is skiednis. It stumper dat rêstich yn de Langwarder Wielen lei te wachtsjen, is dwers troch alles hinne fan luddevedu mar it Margrie

Steatslotterij

Oer in pear dagen is it wer de tsiende fan de moanne. It sil je oerkomme. De haadpriis hoecht net, mei de helte bin ik ek wol op 't skik. Wat soenen jimme dêr no mei dwaan? Al dy sinten? Daliks ophâlde mei wurkjen. Dat hearre je in soad. In bult skite op it buro fan de baas, ek in kronkel dy't guon ha. Nije auto, Porsche, Ferrari of in Harley D. Grut hûs oan de râne fan de mar, grachtenpandje, twadde hûs yn Monaco, kinne je dy oersaaie Formule 1 thúswei sjen. Oaren, dy't wat minder oan harsels tinke, sizze dat se fuortendaliks de helte oan in goed doel jaan soenen. Alles oan in goed doel jaan ha'k noch nea immen sizzen heard, it bliuwe minsken, no? Reizgje, ek sa wat. Alles efterlitte en in jier as wat mei in boat fuort. Ien probleemke, it is al faak de tsiende fan de moanne west, en ja, as ik no om my hinne sjoch? Neist my leit Het handboek begraven en begraafplaatsen, útjûn troch it LOB. Wit ik ek wer wat ik moarn dwaan moat.

Plús

It lege BTW taryf ferheegje nei 19% leveret de skatkiste 9.2 miljard euro op. Dat giet der foar in VVDer yn as in preek yn in âlderling. Kassa! Mar wat betsjut dat no? Frans Humbertus Henricus Weekers, berne yn 1967, de steatssekretaris, wie earder de man efter it ferheegjen fan de BTW op de poadiumkeunsten. Hy komt út Weert, hat ekonomy en rjochten studearre oan de VU yn Amsterdam. Syn baantsjes oant no ta binne: juridysk meiwurker fan in Assurantietussenpersoonbedrijf, wat dat dan ek mar wêze mei, advocaat en procureur te Weert, lid fan de twadde keamer, en dan bin ik fêst noch wat snobberijkes ferjitten. In soad feeling mei de wurkflier, mar dat hienen jimme der ek al út filtere, nim ik oan. Bôle en boeken falle ûnder it lege BTW taryf. Libbensmiddels dus. Dat is foar ditsoarte minsken en har meiwurkers in non issue. Foar in skieden mem yn de bystân wol. Dat dy grutte groep minsken net mear in kear as wat yn it jier nei in teater kinne, as se dat al woenen, is troch dit hearskap

Byleauwich

Stoere keardels hear, dy iishockeyers út de National hockey league. Hast oan de ein  fan it seisoen komt de klimaks: de finale om de StanleyCup. Dan kinne se hjir yn Europa wol miene dat der in wichtich WK organisearre wurdt, mar der leit nimmen wekker fan it feit dat Finlân him de bêste fan de wrâld neame mei. Alteast net yn Vancouver, Tampa en Boston. De Canucks út Vancouver ha harren pleatst foar de finale. 4-1 tsjin San José, dat is ek gjin plak foar iis, no? Boston en Tampa, de Bruins en de Lightning, binne fûleindich dwaande om de tsjinstanner te wurden. Ik kom al sûnt ik in mantsje fan in jier as tolve wie sa no en dan by de Flyers. Eartiids, doe't de grutte baan noch net oerkape wie, slûpte ik de kantine yn, en ferskûle my efter de gerdinen, dy't ticht wienen as de mannen spilen. De hal stie blau fan de reek en stampte der oer. Machtich, Tony Collard wie myn man. Eltse kear stiif útferkocht, it libbe as in hert. Dat is no minder, mar as de hearen yn de play-offs s

"At Seventeen" by Janis Ian {lyrics}

Afbeelding
Omdat wy hjoed 17 jier ûnder ien dak wenje, mei alles wat dêr by komt, mei oare wurden: it koe minder!!!

Kaartsje en de jittikmigers

As jo nei it hok rinne en de kat stiet al te wachtsjen en snoarret as jo him brokjes jouwe. As de guozzepyk mei help fan in skepnet fan in wisse dea rêden wurdt. As de hinnen noflik in stofbad nimme. As Sytske de geit mei twa poaten op it hearip springt en jo om de hannen slikket. As jo heit thúskaam is út it sikehûs. As de post in kaartsje troch de bus smyt. As dat kaartsje fan minsken is dêr't ik noch nea in wurd mei wiksele ha. As dy minsken skriuwe dat se mei bjusterbaarlik genoegen jo âlde en jo nije boek lêzen ha. Sjoch, dêr dogge jo it foar. Lit de jittikmigers mar mige, myn dei is goed.  

Cho Oyu

De turquoise godin. Seit jimme faaks neat, mar it is in berch. Ien fan de 8000plus bergen, om krekt te wêzen 8201 meter heech. De grins fan Tibet en Nepal rint oer de top. Net fier fan de Mount Everest, it slotstik út It dak fan de wrâld. Omdat ik dêr wat mei ha, falt it dus op as jo lêze dat Ronald Naar dêr om it libben kaam is. Ien fan de personaazjes yn It dak fan de wrâld hjit Roland Minnesma, ien kear riede wêr't ik dy namme wei ha. Ronald Naar wie ien fan de grutte boarnen fan ynspiraasje foar myn twadde roman. In tige betûft klimmer, en krekt as 'myn' Roland, net in maklik man. Mar wol immen dy't syn team stjoere koe. Guon dy't It dak fan de wrâld lêzen ha, sille it daliks werkenne. Op de weromreis nei in leger lizzend kamp is er net goed wurden, en daliks ferstoarn. De measte ûngemakken by it klimmen barre op de weromreis, wer in iepen doar út It dak. So be it. Betwinger fan de heegste bergen fan de wrâld, hy is stoarn op it plak dêr't er daliks

loving you minnie riperton

Afbeelding
Ja, it kin noch swieter, lalalalalalalalala

Frâns K.

Cornelis van der Wal skriuwt op syn webloch oer dizze twiveleftige figuer. Ik wol der dit noch oan taheakje. Wy hienen in abonnemint op Frysk en Frij. In blêd mei faaks tige nijsgjirrige stikken. Tafallich hie ik it der dizze wike noch mei in sjoernalist fan de Ljouwerter krante oer. Dat wie my in fiis stikje machtspolityk, gadfer, as ik der no noch oer neitink wurdt ik wer kûgelsk. Yn de petearen wie doe ien fan de wichtichste arguminten dat der tefolle soere stikjes yn it blêd stienen. En dêr koenen de lange teannen net oer. Daar had men dus het volgende op gevonden: kop der ôf. Feitsma, Lok, Willemsma, samar in stik as wat dy't yn Frysk en Frij skreaunen. Dat dy minsken kritysker skreaunen as dat guon no dogge? Ik leau it net. Mar Frâns K wie der wol lyk mei. Sels in drok besochte dei yn de Prinsetún koe dit hearskap net op oare gedachten bringe. En no himsels in fear yn it gat stekke? Hy sil wol tinke, dat foarfaltsje is eltsenien al lang ferjitten, ik kin my no wol wer in k

Topkok

It liket my net sa'n rare keardel, dy Poldervaart. Fanatyk, dat wol. Mar dat is yn syn fakgebied in pro. Hjir yn it doarp ha we ek in restaurant, en dy kok is ek altyd dwaande mei nije dingen betinke. Moai om te sjen. Inkelt stap ik wolris troch de doar, as ik te rinnen bin. (sûnder hesje, mar dat wisten jimme noch wol, no?) Der is altyd fan allles oan de hân yn sa'n keuken, it is my in riedsel hoe't se it klearspylje om it goede iten op de goede tafel te krijen. Elts syn ropping. Wethâlder yn Hârns, soe dat ek in ropping wêze? Ik tink dat Poldervaart him de lêste jierren bûnt en blau ergere hat. Hy wol foarop bliuwe, is sakeman, en fynt dat er te min romte hat. Dus stiet der in gebou, dat past yn syn takomstplannen. Mar dan komt it. Wethâlders ha net te meitsjen mei de faktor tiid. Seit harren gjin bliksem. Poldervaart wol. As de earpels of it fleis twa tellen te lang op de kachel steane, hat er it smoar yn. Twa tellen yn it wethâlderskip? Gaaaaap. Behalve as se yn Pol

Foarútgong

Twa minsken foar in rút, dy't wiuwe. Op himsels neat spesjaals, mar... Fan de IC nei in rút. It is my in ein. Fan de flier nei de souder. It giet jo fansels net hurd genôch, mar sok tinken is minslik. Wiuwe foar in rút, we binne in hiel ein op stap. Sa.

Sûkelade

Afbeelding
Sûkelade, dêr wurde je bliid fan. Huistaal, snapt fierder gjin minske. Hoecht ek net.

Eksamenseks

By de Omrop wie hjoed oandacht foar de stress dy't de eksamens mei har meibringe. Fansels binne der dan deskundigen dy't oan it wurd komme. Se prate yn it generaal net Frysk, en ha oplossings. Biedwurden tsjinwurdich binne: Leuk, Genieten, Ontspannen, Spanningsbogen, Belastbaarheid, Sociale media en noch in pear, mar dy bin ik efkes kwyt. Leuk. Alles moat hjoed de dei foaral Leuk wêze. Dat fynt de presentator ek, dus giet it al gau oer hoe't je mei sa min mooglik ynspanning it papierke helje kinne. Blokke? Nee, net goed. Tsien minuten kin in geast stof opnimme, dêrnei is it tiid foar wat leuks. Efkes de sinnen fersette. In lachfilm, sei it minske. Of seks, ek goed foar de ûntspanning. Mar foaral net te drok dwaande wêze mei it eksamen. Hielendal ferkeard. Dit minske sil der foar trochleard ha. Dus: tsien minuten yn it oere wurkje, langer kin de geast it net oan. De rest fan de tiid leuke dingen dwaan. En dêr fertsjinnet se ek noch jild mei. Leuk is dat. Ditsoarte m

Brief

Soms krije jo wat ûnder eagen dat jo daliks pakt. It sil wol in ôfwiking wêze, mar ik sit der mar mei. It is in brief. Fan in bekende, dat ek noch. En dat brief seit dat der in ferhaal ferteld wurde moat. Of koe. Dêr wol ik noch efkes ôfwêze. Mar it is wol nijsgjirrich. Oan de oare kant, der is al safolle skreaun oer it ûnderwerp, sit der immen op nòch in ferhaal te wachtsjen. Dêr moatte jo je neat fan oanlûke fansels, as it in goed ferhaal is. De kommende tiid mar besykje om stadichoan hjir en dêr wat prikken yn it wurk te setten om krekt wat djipper yn de matearje te dûken. Sjen oft it wat wurde kin. Ien ding sit ik wat mei, der sil ek famylje yn meispylje. En oft dat in ferstannige set is, dat kinne jo betwivelje. De kearside: oer de deaden neat dan goeds, en de haadrolspiler is al jierren wei. Foarsafier't ik no besjen kin, wie syn part yn it ferhaal sa, dat ik it op dat punt (brrr) wol oandoar.

Drachten kultuerdoarp?

Sûnt wy yn de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) wenje, lês ik de Drachtster krante. Ek de Aktief, en it propagandakrantsje fan de gemeente. Drachten wol him as har, ik wit net oft in doarp no froulik of manlik is, graach as kultuerplak hearre litte. As ik it goed ha, wennet Arjen Terpstra hjir ek yn de buert, en miskien noch wol in soad oaren dy't wat mei skriuwen ha. Ik ha nea in foto fan It Eagleton segel yn de Drachtster sjoen. Yn it Feen lêze se de Koerier, en dy krij ik dan ek noch wol ûnder eagen. De Drachtster stiet nea wat yn oer nije útjeftes, de Koerier hie in heale side mei Rêdbâd, Skoaljonge en It dak fan de wrâld. Deselde advertinsje dy't ek yn de Ljouwerter stiet. Drachten lit it der by sitte, wat dat oanbelanget. Ik wit net wa oft de ynhâld fan de Drachtster ûnder syn as har bewâld hat, mar dat dogge se dus op oare plakken oars as hjir. Jammer. Ik miende dat yn Drachten de boekhannel siet dy't it measte Frysk proaza ferkocht. Dat mei in pres

Earste kear

Tsja, de kop sille in soad minsken net mei in sikehûs assosjearje. Mar it is hjoed feest, foar ús alteast. Foar alles is sa'n earste kear, hjoed in hiele frjemdenien. Heit syn jierdei yn it hospitaal fiere, it is gjin ideale situaasje. De jenever sil net op tafel komme, tsiis en woarst? Liket my net. In gebakje, mei kofje dêr't krekt wat tefolle molke yn sit, dêr sil it wol by bliuwe. Hawar, we sille it bêste der fan meitsje moatte. Sjen oft we him dêr wer wei krije. Op de Omrop hienen se it niis oer âldere minsken mei elektrike fytsen. Brek my de bek net iepen... Marreh... 74 dus. Party minsken dy't wrâldferneamd binne of wienen, ha dat net helle. Dus op nei de 75! It is hjoed feest. De reabûnte boer fan Pauwenburg hat syn jierdei.

Religieuze strapatsen

Mounir El Hamdaoui is noch net genôch... Ja, wat eins? Se sizze dat er in seare hamstring hat. Dat is in goede útflecht om net op de bank te sitten. Want dat wol it grutske jonkje net. Hy fielt him yn it krús taasten troch de nije trêner fan dy klup út de Hoofdplaats. En dat kin er net sette. Want jo binne in man, dat is yn de kultuer fan Mounir al in pre, boppedat tinke jo, dat as jo mar eigenwiis genôch dogge, dat de trêner net om jo hinne kin. Lit dy trêner no in polderjonge wêze. Dy is sa dom dat er net sjocht hoe't er Mounir lyts makket. En ja, dat kin Mounir net oan. Dy is ferheven boppe alle twivel, man, en grutsk. No ha ik my altyd ergere oan de wize wêrop't er in goal fierd, dat om de holle waskje, neat foar my. By AZ67 spile eartiids Kurt Welzl, in Eastenriker. As dy in goal makke, en dat die er nochal faak, stuts er efkes de wiisfinger op, en hupsakee, fierder mei de brot. Sjoch, dat is genôch. Om my de balle fûst omheech, leafst nei it útfak, mar net dat religieu

Dompelaar

Ha, we sitte yn it âlde ark hjoed. It skynt no al simmer te wêzen, dat it fersyk om it swimbad op te setten kaam net ûnferwachte. Om josels tsjin in middei seuren te beskermjen, ha'k dat dus niis dien. Buorfrou har wetterslange der by, oer in oerke sil it wol fol wêze. Roomsk wetter yn in swimbad op snein, kin net ferkeard gean, wol? No is it wetter út de kraan in graad as tolve, trettjin. Om de bern tsjin in hertfersakking te beskermjen tocht ik samar oan de dompelaar dy't hjir al jierren yn de skuorre leit. En: hy die it noch. Eartiids sea dat ding yn in hântsjettel de melkersdoeken, dat it sil grif in graad as wat útmeitsje. As er it no boppe de 20 graden krije kin, soe it samar wêze kinne dat heit de swimbroek ek noch oandocht, op dit stuit is it wetter my noch fierstente tin. Jimme hearre de útslach noch wol. Sneinswille.

Ed en Willem

Hup daar is Willem met de waterpomptang, de nijptang en de combinatietang, want Willem is niet bang. Dy bever yn Langwar swimt noflik yn de Wielen, komt der sa'n idioat. 'Ooo! In bever! Wy moatte de bisteambulânse belje!' No sit er mei it smoar yn de bealch yn Oerterp. En aanst moat er nei Grins. Net eat wêr't ik nei útsjen soe. It begruttet my om dy bever. En it begruttet my noch mear om eltse belestingsint en oar jild dat oan it meast oerstallige objekt fan dizze tiid spandearre wurdt: de bisteambulânse. Wy reitsje yn rap tempo ferfrjemde fan de natuer. As we in wyld bist sjogge, is der in dwangmatich tinken dat we immen belje moatte. En dêr ha se dus dat gedrocht foar yn it libben roppen. Sorry hear, ik fyn it werklik neat. Lit dy bever mei rêst, hy is der sels hinne swom, dus sil er it wol aardich fine yn Langwar. Wa binne wy dat we it stomme bist dêr dan weislepe? 200 jier gjin bever mear sjoen yn Fryslân, is der ferdomd wer ien, bringe we him nei Grins!

Gewisse

In dei as wat lyn hie ik it der oer dat plysjes in apart slach wêze moat. Juster wer in foarbyld dat myn miening sterke. Se hienen it oer fûgels dy't eins frij yn it fjild en de beammen sitte moatte, mar ek yn koaien by minsken thús bedarje. In ljip yn de foljêre. Idioat fansels, mar der binne minsken dy't dat aardich fine. Dy ljippen krije faaks mear te fretten dan harren frije soartgenoaten, maar dit terzijde. No 'moatte' wy daliks belje mei de plysje as we sjogge dat buorman in ljip of in ûle yn de tún hat. En doe kaam it. 'Er zijn mischien ook mensen die er moeite mee hebben om hun buurman aan te geven, maar ze kunnen het in dat geval ook anoniem doen.' De bek foel my iepen, echt wier. Stel jo ha krekt buorman der by lapt, komt er in dei letter om te sizzen dat se syn ljip meinaam ha. En dan? Mei in earlik gesicht sizze: 'Wa hellet it no yn de holle om soks oan te jaan!' Hokker folk is it dat jo min ofte mear ferplichtet om soks te dwaan? It b

Healstôk

Krekt de flagge healstôk bûtendoar brocht. Elts jier wer binne der minsken dy't sels oer dizze dei wat te melden ha. Dan soe it net genôch oer de twadde wrâldkriich gean en wit ik wat noch mear. 4 maaie is 4 maaie. Besykje no net om sels dy datum te brûken om yn it nijs te kommen. Flagje, om 8 oere it respekt opbringe om je in pear tellen stil te hâlden en dêrnei mar nei Schindlers List sjen. Dan wit eltsenien wer wêrom't we dizze dei sa hâlde moatte as dat er no is.

Gjin ferlet

Gelokkich, de plysje is wer berikber. It skynt sa west te wêzen dat se in dei as wat min te berikken wienen. Steuring yn Grins, of sokssawat. Ik ha se net mist. Ien kear yn myn libben ha ik mei de plysje belle, dat wie doe't myn frou har splinternije fyts meinaam wie troch immen dy't it ek in kreas fytske fûn. Of ik mar oanjefte dwaan woe, dat soe it bêste wêze. No, dat ha'k doe dien, en bin daliks op syk gien nei krekt sa'n fyts. Dy ha ik kocht yn Twente, flak foar de bekerfinale tusken de SC en de Tukkers. Kinne jim neigean hoe âld dy fytsen al wer binne. Se dogge it noch bêst. Ien en oar seit dus dat ik foar gjin kwartsje betrouwen hie yn de mooglikheid dat 'se' myn frou har fyts werom fine soenen. En dat kloppe as in seare poat. Nea wer wat fan 'harren' heard. 112 is foar my de brânwacht en de sikeauto, plysjes ha'k gjin ferlet fan. Kin om my wol flink yn skrast wurde. Animalcops? Populistysk gejeuzel. Fuort der mei. As Nederlân oer in jier a

Boppe de 40

Jo prate der net graach oer, it is in spultsje fan deaswije, net oan tinke, krekt dwaan of is der neat oan de hân en sa kin ik noch wol in blik iepenlûke. Mar it feit is der. Punt. Jo binne fjirtich west. Krupsjes. Noch net slim, mar se komme. Klachten dy't gjin dokter te plak bringe kin, omdat se foar in part tusken de earen sitte, mar ek oare saken. Klappoat, nuvere stekken yn hokker part fan it liif dan ek mar, sweverich, seare rêch, triljende hannen (alkoholgebrek), swiermoedige buien, moarns kochelje (eigen skuld), neilen dy't yngroeie, hjir en dêr wat skimmel, earmoedeplakjes, tearen yn de kop, grize hierren (tefolle om der noch stikem út te lûken), spieren dy't net mear dogge wat je graach wolle, moat ik noch trochgean? It Frysk wurdt hast inkelt noch troch minsken lêzen dy't yn dizze doelgroep falle, dus fêst hjir en dêr in knikje fan: 'O, dat ha ik ek.' Moai! Dat gun ik jim fan herte! As it net slimmer wurdt is der mei te libjen. Tink ik. Je moatt