Boppe de 40

Jo prate der net graach oer, it is in spultsje fan deaswije, net oan tinke, krekt dwaan of is der neat oan de hân en sa kin ik noch wol in blik iepenlûke. Mar it feit is der. Punt.

Jo binne fjirtich west. Krupsjes. Noch net slim, mar se komme. Klachten dy't gjin dokter te plak bringe kin, omdat se foar in part tusken de earen sitte, mar ek oare saken.
Klappoat, nuvere stekken yn hokker part fan it liif dan ek mar, sweverich, seare rêch, triljende hannen (alkoholgebrek), swiermoedige buien, moarns kochelje (eigen skuld), neilen dy't yngroeie, hjir en dêr wat skimmel, earmoedeplakjes, tearen yn de kop, grize hierren (tefolle om der noch stikem út te lûken), spieren dy't net mear dogge wat je graach wolle, moat ik noch trochgean?

It Frysk wurdt hast inkelt noch troch minsken lêzen dy't yn dizze doelgroep falle, dus fêst hjir en dêr in knikje fan: 'O, dat ha ik ek.' Moai! Dat gun ik jim fan herte! As it net slimmer wurdt is der mei te libjen. Tink ik.
Je moatte ek witte dat je der binne, dêr hearre blykber ek krupsjes by. It is net oars.

It is mei ús altyd noch better as mei Osama, dy docht de rêchslach op it stuit, as ik de CIA leauwe mei. Heech tiid dat Petraeus de baas wurdt dêr, kinne je him yn it Frysk in mailtsje stjoere oft de berjochten wol doge. Want dêr ha'k myn twivels oer, mear noch as oer dy poat fan my.      

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn