Warskôging foar in bever. (Alwer? Ja.)
Sjoch no wol! Dêr ha je it gemiter al. Wêrom moatte minsken oeral mei de fingers oan sitte te peuterjen.
We gean efkes werom nei 6 maaie. http://stikelstekker.blogspot.com/2011/05/ed-en-willem.html Toe mar! Klik mar oan.
Krekt. De Bever. En hjoed? Spoaren fan in bever fûn yn de Alde Feanen. En wij wisten niet waar de bever wegkwam. No, ik wol. Dat is de wederhelte fan dat earme bist dat se nei ien dei oansterkjen nei Drinte brocht ha. Fan Langwar nei de Alde Feanen is foar in bever mar in loopke. En dy bever út Langwar mankearre neat fansels, oars hienen de animalcops gjin tastimming jûn om it bist te ferfieren.
Jo binne in jong, fereale beverpear en wolle hiel wat oars. Dus, mar nei it noarden ta. Manleaf bedarret yn Langwar. 'Ik sil efkes sjen hoe't it dêr liket,' seit er. Net frjemd, want se binne hjir noch nea earder west. De rest is skiednis.
It stumper dat rêstich yn de Langwarder Wielen lei te wachtsjen, is dwers troch alles hinne fan luddevedu mar it Margrietkanaal opswom, en kaam oan yn it pachtige stikje natuer dêr't se tegearre âld wurde wollen hienen. Shitshitshit!!!
No knaget se allinnich wat oan de wylgeteannen, en lit sa sjen dat se der is. Tink derom fanke, de bisteambulânse is nea fier fuort, jou dy ôf. Wy binne dy hjir yn Fryslân net wurdich.

Reacties
Een reactie posten