Ed en Willem

Hup daar is Willem met de waterpomptang, de nijptang en de combinatietang, want Willem is niet bang.

Dy bever yn Langwar swimt noflik yn de Wielen, komt der sa'n idioat. 'Ooo! In bever! Wy moatte de bisteambulânse belje!'
No sit er mei it smoar yn de bealch yn Oerterp. En aanst moat er nei Grins. Net eat wêr't ik nei útsjen soe. It begruttet my om dy bever.

En it begruttet my noch mear om eltse belestingsint en oar jild dat oan it meast oerstallige objekt fan dizze tiid spandearre wurdt: de bisteambulânse.
Wy reitsje yn rap tempo ferfrjemde fan de natuer. As we in wyld bist sjogge, is der in dwangmatich tinken dat we immen belje moatte. En dêr ha se dus dat gedrocht foar yn it libben roppen. Sorry hear, ik fyn it werklik neat.

Lit dy bever mei rêst, hy is der sels hinne swom, dus sil er it wol aardich fine yn Langwar. Wa binne wy dat we it stomme bist dêr dan weislepe?

200 jier gjin bever mear sjoen yn Fryslân, is der ferdomd wer ien, bringe we him nei Grins! Dom folk.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen