Plús

It lege BTW taryf ferheegje nei 19% leveret de skatkiste 9.2 miljard euro op. Dat giet der foar in VVDer yn as in preek yn in âlderling. Kassa! Mar wat betsjut dat no?

Frans Humbertus Henricus Weekers, berne yn 1967, de steatssekretaris, wie earder de man efter it ferheegjen fan de BTW op de poadiumkeunsten. Hy komt út Weert, hat ekonomy en rjochten studearre oan de VU yn Amsterdam. Syn baantsjes oant no ta binne: juridysk meiwurker fan in Assurantietussenpersoonbedrijf, wat dat dan ek mar wêze mei, advocaat en procureur te Weert, lid fan de twadde keamer, en dan bin ik fêst noch wat snobberijkes ferjitten. In soad feeling mei de wurkflier, mar dat hienen jimme der ek al út filtere, nim ik oan.

Bôle en boeken falle ûnder it lege BTW taryf. Libbensmiddels dus. Dat is foar ditsoarte minsken en har meiwurkers in non issue. Foar in skieden mem yn de bystân wol. Dat dy grutte groep minsken net mear in kear as wat yn it jier nei in teater kinne, as se dat al woenen, is troch dit hearskap al ûnder it kleed fage. As je fan minder as fyftich euro yn de wike rûn komme moatte, is in besite oan de Lawei jammer maar helaas net te beteljen.

Sa snijd it mes dus oan twa kanten. Gjin besite oan kultuer? Fuort kultuersubsydzje. Dat de minsken it net betelje kinne en dat dêrom miskien de sealen minder fol sitte as in jier as wat lyn, litte de hearen graach yn it midden.

Mar no wolle se dus ek noch oan ús fretten komme. Sorry foar de wurdkar, mar it fielt sa stadichoan as is it elektoraat nearne oars goed foar as it beteljen fan al mar mear belesting.
Efkes werom nei dy mem mei dat leave dochterke. Henk en Ingrid, mar Henk hat in skop krigen omdat er it mei de buorfrou die. Samar in situaasje. Fyftich euro, dêr moatte se it mei dwaan. As it iten aanst mear as dûbel belêste wurdt, is it net mear te dwaan.

Frans Humbertus Henricus Weekers hat dat probleem net. Stel dat er de Keamer úttrape wurde soe, sit er noch mei de kont op it wachtjild. 80% yn it earste jier. Se barre sawat € 125.000(!) yn it jier, dus dy ekstra hamburger kin der by him wol ôf. Hy kriget noch in meagere € 8333.33 yn de moanne mei neat dwaan.

Wêr is ús dappere PVV no? De partij dy't sels Ingrid helpe wol, no't se Henk der út mitere hat?

Plús is raar guod. Ik ha der nea op sitten, mar it moat in magysk gefoel yn it gat oproppe. Kin net oars.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn