Dompelaar
Ha, we sitte yn it âlde ark hjoed.
It skynt no al simmer te wêzen, dat it fersyk om it swimbad op te setten kaam net ûnferwachte. Om josels tsjin in middei seuren te beskermjen, ha'k dat dus niis dien. Buorfrou har wetterslange der by, oer in oerke sil it wol fol wêze. Roomsk wetter yn in swimbad op snein, kin net ferkeard gean, wol?
No is it wetter út de kraan in graad as tolve, trettjin. Om de bern tsjin in hertfersakking te beskermjen tocht ik samar oan de dompelaar dy't hjir al jierren yn de skuorre leit. En: hy die it noch. Eartiids sea dat ding yn in hântsjettel de melkersdoeken, dat it sil grif in graad as wat útmeitsje.
As er it no boppe de 20 graden krije kin, soe it samar wêze kinne dat heit de swimbroek ek noch oandocht, op dit stuit is it wetter my noch fierstente tin. Jimme hearre de útslach noch wol. Sneinswille.

Reacties
Een reactie posten