Earste kear
Tsja, de kop sille in soad minsken net mei in sikehûs assosjearje. Mar it is hjoed feest, foar ús alteast.
Foar alles is sa'n earste kear, hjoed in hiele frjemdenien. Heit syn jierdei yn it hospitaal fiere, it is gjin ideale situaasje.
De jenever sil net op tafel komme, tsiis en woarst? Liket my net. In gebakje, mei kofje dêr't krekt wat tefolle molke yn sit, dêr sil it wol by bliuwe. Hawar, we sille it bêste der fan meitsje moatte. Sjen oft we him dêr wer wei krije.
Op de Omrop hienen se it niis oer âldere minsken mei elektrike fytsen. Brek my de bek net iepen...
Marreh... 74 dus. Party minsken dy't wrâldferneamd binne of wienen, ha dat net helle. Dus op nei de 75! It is hjoed feest. De reabûnte boer fan Pauwenburg hat syn jierdei.

Reacties
Een reactie posten