Frâns K.
Cornelis van der Wal skriuwt op syn webloch oer dizze twiveleftige figuer. Ik wol der dit noch oan taheakje. Wy hienen in abonnemint op Frysk en Frij. In blêd mei faaks tige nijsgjirrige stikken. Tafallich hie ik it der dizze wike noch mei in sjoernalist fan de Ljouwerter krante oer. Dat wie my in fiis stikje machtspolityk, gadfer, as ik der no noch oer neitink wurdt ik wer kûgelsk.
Yn de petearen wie doe ien fan de wichtichste arguminten dat der tefolle soere stikjes yn it blêd stienen. En dêr koenen de lange teannen net oer. Daar had men dus het volgende op gevonden: kop der ôf.
Feitsma, Lok, Willemsma, samar in stik as wat dy't yn Frysk en Frij skreaunen. Dat dy minsken kritysker skreaunen as dat guon no dogge? Ik leau it net. Mar Frâns K wie der wol lyk mei. Sels in drok besochte dei yn de Prinsetún koe dit hearskap net op oare gedachten bringe.
En no himsels in fear yn it gat stekke? Hy sil wol tinke, dat foarfaltsje is eltsenien al lang ferjitten, ik kin my no wol wer in kear oppenearje. Hear K, krûp werom yn it hoal dêr't jo ynsieten en kom der net wer út. Us ûnthâld is noch wol aardich goed, wy ferjitte jo streken net. Nea net.

Reacties
Een reactie posten