Byleauwich

Stoere keardels hear, dy iishockeyers út de National hockey league. Hast oan de ein  fan it seisoen komt de klimaks: de finale om de StanleyCup. Dan kinne se hjir yn Europa wol miene dat der in wichtich WK organisearre wurdt, mar der leit nimmen wekker fan it feit dat Finlân him de bêste fan de wrâld neame mei. Alteast net yn Vancouver, Tampa en Boston.
De Canucks út Vancouver ha harren pleatst foar de finale. 4-1 tsjin San José, dat is ek gjin plak foar iis, no?
Boston en Tampa, de Bruins en de Lightning, binne fûleindich dwaande om de tsjinstanner te wurden.

Ik kom al sûnt ik in mantsje fan in jier as tolve wie sa no en dan by de Flyers. Eartiids, doe't de grutte baan noch net oerkape wie, slûpte ik de kantine yn, en ferskûle my efter de gerdinen, dy't ticht wienen as de mannen spilen. De hal stie blau fan de reek en stampte der oer. Machtich, Tony Collard wie myn man. Eltse kear stiif útferkocht, it libbe as in hert.

Dat is no minder, mar as de hearen yn de play-offs sitte, en it Feen fuotballet út, dan sit de hal samar wer fol. Krekt as yn de NHL. Mar sa goed as dy lju binne ha'k hjir noch nea sjoen. Doe't ik yn Kanada wie, en de Edmonton Oilers yn de finale sieten, stie it lân omtrint stil. Fergelykje it mar mei de WK finale. Wayne Gretzky, the great one, makke de winnende goal.

Se binne freeslik byleauwich, dy stoere knoesten. Op it ein fan de play-offs ha se allegearre in burd, it is gjin gesicht. Oft se harsels waskje wit ik net, mar as stank as wapen ynset wurde kin, fertink ik se derfan in oere yn de wyn te stjonken.

Klik mar ris op de link, foaral de toeter by de Canucks, as se in goal makke ha, is hearlik.
http://www.nhl.com/

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn