Posts

Ik sta achter Israel

Afbeelding
Hjoed stiet yn de krante in nijsgjirrich stik oer de fraach oft wy noch wol freonen fan Israel binne. Opperrabbyn Jacobs seit dêryn dat Israel troch ús lân oars behannele wurdt as troch oare lannen. En dat fynt er net fair.  Joaden.  Joadekoek.  'Wat is it ek in Joad net, dy fint...'  'En wie niet springt, die is een Jood...'  'Jooooodennn, Joooodennnn!!!'  De âldizerjoad.  Soe der in folk wêze dat sa ûnder it fergrutglês leit as it Joadske? Ik tink it net. En alle welbespraakte tsjinstanners litte harren hearre. Se sizze neat oer Sina. Se hâlde harren kaken stiif op elkoar as it om frouljusrjochten yn Saoedi Arabie giet. Oer de massamoarden troch wit ik hokker stammen yn Afrikaanske lannen silst se net hearre. De berneporno fan de Filipijnen stiet net yn harren aginda. De misstannen yn India is net harren cup of tea.  It aksje reaksje oarloch fiere troch de Palestijnen en it leger fan Israel? Nee, altyd is de krant...

Crone bestjoerder fan it jier?

Afbeelding
Boargemaster Crone fan Ljouwert is kandidaat om bestoerder fan it jier te wurden. Dit benammen om syn diedkrêftige rol tidens de grutte brân en syn krewearjen om KH2018 hinne. Ik gun elts in priis, hear. Mar yn dit gefal tink ik dat der wol wat oer te sizzen is. Oer it KH2018 stik fan de nominaasje, dêr sil de man syn part oan dien ha, dat wit ik fierder net. Mar syn bydrage by de brân? Dat is wol in opmerklike nominaasje. It moat dan wol gean om syn rol nei de brân, want doe't de boel oan de Kelders yn de fik stie, wie de boargemaster der net. Ien fan syn wethâlders die it wurd. De dagen dêrnei wie Crone net fan de TV ôf te slaan, mar tidens de brân? Dat part fan de oanrikkemedearring stiet net sterk. As ik it allegearre goed begrepen ha, yn de wandelgangen hear ik wolris wat, soe de boargemaster troch sjoernalisten (!) op de hichte brocht wêze fan it feit dat der in grutte brân yn 'syn' stêd útbrutsen wie, noch foardat er troch it amtlik apparaat fan de haadstêd ynlj...

Iepen brief oan Mark Rutte

Bêste Mark. Hjoed hearde ik dat ik fan ien jannewaris ôf strafber bin as ik de BTW net betelje. No ha jim de measte ZZPers de rammestrûpe al sa bot oanlutsen dat se sopraan sjonge, mar dit koe der ek noch wol by. Foarsafier't ik wit betelje ik alles dat jim fan my ha wolle. Ik heakje dêr oan ta dat ik sterk de yndruk krij dat jim nea genôch ha en ik mar amper mear. Myn fraach is dizze: Hoefolle lagen fel moatte der by dy fan de kop lutsen wurde foardatst yn de gaten hast wat der werklik oan de hân is yn dit lân? En no net daliks skermje mei dy pear oerkes lesjaan yn de Schilderswijk en datst dus wol witst wat der geande is, want dat is foar de buhne, dat ha wy echt wol troch. Wy ha in tannimmend oantal minsken dy't nei de voedselbanken geane. Dat dogge se net omdat se dat no sa aardich fine. Wat dochsto? Yn Brussel de grutte man úthingje, de 3% noarm as it earste en twadde testamint fan kaft oant kaft wier en net te ûntkennen, noch oan te ûntkommen ferklearje. Brusselfu...

Symboaliepenstelling brêge by Iesicht?

Afbeelding
De brêge by Iesicht Moai nijs foar de boatsjeminsken dy't fan Earnewâld nei Drachten farre wolle. De brêgewipper by Iesicht sil syn kofje en stikje bôle no ûnder it wippen ophaffelje moatte. Of der komt efkes ien oer út Drachten wei, dat wit ik net. Hoe dan ek, de brêge is net mear twa oeren ticht. Dit om de boatsjefarders net te ûntmoedigjen om nei Drachten te kommen. Oer in jier as wat kinne se ek rjochttroch, op Nij Beets oan, jim sille der fan heard ha. Allegearre prachtich moai foar de ûnjouwing fan it gebied, al sille de rêstsikers it dêr net mei iens wêze. Mar hokker boatsjes ha wy it hjir oer? De boatsjes dy't nei it kariljon moatte? De nije Drachtster Feart del? Dan soe der sprake wêze kinne fan symboaliepenstelling fan dy brêge, om mar ris in geef Frysk wurd te brûken. Yn de Suderhegewei komt in brêge. In fêste brêge. Neffens omke Google wurdt dy makke mei in hichte fan 2.5 meter. Dat stiet op de side fan BKF, it kraanbedriuw.  No wit ik it net krekt, mar de...

Thialf

Afbeelding
Stel: Ik hie in berch jild. Dat kin ik maklik stelle, want ik ha it net. Ik hie safolle jild, dat ik der wol wat fan misse koe. En ik hie wat mei reedriden, ik soe it wichtich fine dat de riderij op in heech nivo plakfine koe. Noch heger as no al it gefal. Boppedat hie ik wat mei de regio dêr't ik yn wenne. Op in dei siet ik yn de kroech en liet my ûntfalle dat ik wol wat jild yn de reedriderij stekke woe, as der immen mei in goed plan wie, dy't my dat goed útlei. De iisbaan yn it doarp lei der wat fertuteaze by en koe wol in opknapper brûke. In skoft letter gie de doarbel en stienen der in pear man op de stoepe mei in map ûnder de earm. Ik koe dy mannen wol, de iene fage de baan skjin en de oare ferkocht poeiermolke en stookte de kachel heech op want hy hie lêst fan rimmetyk. Mei oare wurden, de lokale helden fan de iisbaan. Mar dizze hearen hienen in plan. Dat nei oanlieding fan myn opmerking yn de kroech. Wy skoden oan, oan de hege tafel (Toon Hermans). De map kaam ie...

Prikerdeprikprik

Afbeelding
Stel: Jo wolle in gat yn de grûn prikke. Tink dêr no ris djip oer nei. It is de meast tryste dei fan it jier, dus wat harsengimmestyk is neat mis mei. Wurde jo wer fleurich fan. In gat yn de grûn, dus. Hoe dogge jo dat? Ik skets njoggen fan de tsien kear dit senario. De handigste persoan yn hûs siket in stok, in stik buis of in lang, tin stik izer. Oant safier binne wy it iens? Moai. Folgjende stap is dat dy tige handige persoan nei de bankskroef rint, of daliks de slypmasine oan docht en der in moaie skerpe punt oan makket. Want oars wol sa'n stok of stik izer fansels de grûn net yn, no? It ark moat goed skerp wêze. Sa learden se je dat op skoalle en fan generaasje op generaasje. It spul goed skerp, oars wol it net. Mei syn of har nije stik ark yn de hân rint triomfearjend de handige persoan nei de bleek en sil wol efkes sjen litte dat hy of sy wer in topprestaasje levere hat. Wat in Snoei en Snoei is dat dochs, sjogge jo de oare leden fan de hûshâlding tinken. Of: útslover....

In oade oan Jan van Veen syn Candlelight

Afbeelding
Jan van Veen is by it wiif wei 'Het volgende gedicht is afkomstig van een anonieme schrijver. Het roept bij mij gevoelens van weemoed op, het had zomaar van mezelf kunnen zijn. De titel van het gedicht is.......... Gescheiden wegen............' Gescheiden wegen. Diep verzonken in rusteloze overpeinzingen neem ik het besluit, en het is niet om jouw ontrouw, jouw reeks minnaars. Nee, het verhaal dat onze liefde was, is gewoonweg uit, er verder mee worstelen zou leiden tot iets naars. Wij waren als twee bakens op een woelige zee, stroming en getijden konden ons niet deren. Ik neem alle goede uren en dagen diep van binnen mee, al splijt het verdriet me talloze keren. Nee, ik heb geen rancune, geen haat jegens jou, je leven, onze parallellen van troost, verdieping en meer van die flauwekul. Jij bent en was voor mij een bijzondere vrouw, al beoordeel ik de laatste jaren met het cijfer nul. Ik wens jou op je nog af te leggen levenspad veel wijsheid en liefde, ik m...