Posts

Gemeente Heerenveen moat hotel Tjaarda stypje en Van der Valk keare.

Afbeelding
  'De Heerenveense ziekte'    As berne Oranjewâldster (Brongergea) moat my it folgjende dochs even fan it hert. De earste rûchwei 23 jier fan myn libben ha ik mei eigen eagen sjoen hoe’t in doarp feroarje kin. Oan de Marijkemuoiwei allinnich al buorken fiif boeren, plus dat der fjouwer hynstebedriuwen wienen. De boeren binne al jierren út It Wâld ferdwûn, de pleatsen binne ôfbrutsen of feroare yn wenbuorkerijen. Geandewei is Oranjewâld troch de gemeente Heerenveen omtovere yn in ‘autoluw wandelpark’ dêr’t se je wol fan de dyk sjen wolle as je der tafallich al even delride moatte. De siel fan it doarp is totaal feroare. Je sille dêr mar ûndernimmer wêze.   Golden Tulip Tjaarda Dizze wike diene eigner Klaas de Leeuw en eksploitant Tjitte de Wolff fan it romrofte hotel Tjaarda fia wurdfierder Jan Kamminga yn net mis te fersteane wurden in oprop om it Van der Valk hotel dat by de yngong fan Skoatterwâld op priemmen stiet, op te kearen. Dat liket ynearsten in frij...

Boer ôf

  Lêstendeis hie ik in petear mei twa minsken. Dat komt faker foar, mar dit wie wol bysûnder te neamen. De lêste kear dat ik mei se praten hie, wie yn de simmer fan 1987. En dan ek noch oan de oare kant fan de Atlantyske oseaan. No hoegde ik der mar fyftjin kilometer om te riden. Ik wie doe in jonge fan in jier as njoggentjin, no in fyftiger dy’t normaal sprutsen mei de twadde helte dwaande is. Se koenen myn gesicht net mear, wol hienen se in âlde foto opskarrele fan ús besite yn dy Kanadeeske simmer, mar dêr stie ik net op. It praat gie oer eartiids, want dat wie myn doel fan de besite. Sa as ik ferwachte hie, fleach it petear alle kanten út, in soad brûkbere ynfo ha ik net krigen, mar de middei wie der net minder moai om.   In wike as wat lyn krigen wy it berjocht dat ien fan ús geiten deagien is. No wenje wy yn in hûs dêr’t geiten op it hiem net by past, mar op papier wienen we noch altyd in bytsje boer. Us bistjes ha in geweldich plak krigen neidat we nei It Feen f...

'Ik ha ferlet fan jild'

Buorfrou fan fier yn de 80 komt oan de doar. 'Ja, ik ha in nuvere fraach. Ik sykje in kipefear om de klok te smarren.'  'Rin mar even achterom, dan sjogge wy even,' sis ik.  Yn it hok lizze altyd wol wat fearren, ik krij ien en jou him oan buorfrou.  'Hoe is it mei de hoanne?' freget se.  'Dea.'  'Och, spitich. Do bist mar warber, dat lês ik yn de krante!'  'We grieme wol wat troch.' 'Wy ek, al 65 jier troud en noch altyd troch ien doar, is't net moai?'  'Dat is prachtich, der binne net in soad dy't dat helje. Mar dy fear...'  'Ja, ik ha noch wol wat naaimesine-oalje, dus dan rêd ik my der wol mei. Dy klok is al hiel âld, Durk hat him niis skjinmakke mar der moat noch wat smarring komme, sjoch.'  'Krekt.'  'Ik sil nei de bank, want ik ha ferlet fan jild.'  'Ik ek, mar ik ha it net.'  Buorfrou draait har om en seit: 'Dan hast de soarch der ek net oer.'  Myn dei is goed. 

Nea wer snie yn Nederlân

Afbeelding
  De blêden binne foar it grutste part fan de beammen, it is wintertiid, der leit in nij boek fan my yn de winkels en by de jûnskuier ferskine oeral eltse dei mear krystljochtsjes. De moaiste tiid fan it jier brekt oan, mei wat gelok kinne wy ynkoarten ús loopke in kear troch de snie dwaan. Dat hat wat magysk, al komt it net sa faak mear foar. Dêroer daliks mear. Want: ha jim it noch in bytsje nei it sin? Steane jim as wol as net faksinearre minsken linerjocht tsjinoer de oare groep? Wat in pandemy mei gewoane minsken dwaan kin, draait as in minne B-film op dit stuit alle dagen yn it deistich teäter dêr’t we allegearre yn figurearje. Foar mysels ha ik in hiel skoft lyn de kar makke om net mear nei praatprogramma’s te sjen, it nijs fia de telefoan en in papieren krante ta my te nimmen en fan myn frou mei ik my deis mar fiif minuten ergerje. Ik jou it daliks ta, dat mislearret hast alle dagen. Der komt in momint dat der drastyske maatregels naam wurde moatte om it deistige ergerj...

Artikel oer myn nije roman yn de LC 3-12-2021(Klik op de foto foar mear ynfo!)

Afbeelding
  Tekst Elisabeth Post Ferdinand de Jong hat syn twadde krimi skreaun. Syn wenplak It Hearrenfean en berteplak Oranjewâld binne it dekôr dêr ’t De museummoard  begjint. Spannend oan de ein ta. Der driuwt in lyk yn de Prinsewyk. Publyk dat de iepening fan in útstalling fan de wrâldferneamde skilder Paolo Lione út Itaalje yn it museum yn Oranjewâld bywennet, slacht ferskrikt de hân foar de mûle. Dêr leit se, op har búk en klaaid yn in wite jurk. Om har hinne driuwe reade roazebledsjes. Wa’t ienkear yn De museummoard  begûn is, kin net mear ophâlde fan lêzen. It is noflik yn ’e kunde kommen mei resjersjeur Annet Hillema en har âld-kollega Paul Graafsma. It ferhaal nimt healweis in ûnferwachte draai en it plot is like nijsgjirrich as de prolooch. It troch Ferdinand de Jong (1969) fan It Hearrenfean skreaune ferhaal lêst yn ien azem út. Hy moat in bytsje gnize. ,,Fynst it spannend?’’ Oan de keukenstafel yn syn hûs op It Hearrenfean hat de skriuwer farske kofje ynskonken. Hy gi...

Bruce Springsteen syn heidefjild

Afbeelding
  Bruce Springsteen syn heidefjild   Wat bloeit de heide oeral prachtich dit jier, sa lês ik yn de kranten. Moaie foto’s fan pears kleure fjilden der by. It komt omdat we dit jier wer in normale simmer ha mei in soad Hollânsk reinwetter. Heide, foar ús as lytse bern wie it symboal fan earmoede. Nea yn de hiele wrâld hie ik tocht dat op in stik lân dêr’t heit en mem de kij weidzje lieten, ea heide bloeie soe.   Mar tiden hawwe tiden. As je no de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld delkomme, bloeit der heide. Pears. Der rinne wat skiep om de bjirken en oare opsjitters koart te hâlden. Op dat fjild lizze myn jeugdjierren. Blomryk lân mei Frysk reabûnt fee. Myn broer sei dizze wike dat de Van Limburg Stirums, dy’t yn de kelder op it hôf yn Brongergea bysetten binne, grif ek net tocht hienen dat der wer heide bloeie soe op de grûn dy’t sy ûntginne lieten.   Dize wike wie ik te rinnen. Ik ha net safolle mei Bruce Springsteen, mar it tafal (tafal bestiet net) woe, dat ...

‘Had je misschien met me naar bed gewild?’

Afbeelding
  ‘Had je misschien met me naar bed gewild?’ ‘Had u het bonnetje mee gewild?’ 'Had u het bonnetje erbij gewild?'  Dit is tsjintwurdich in frij gebrûklike wize fan oansprekken as jo earne wat keapje. En ik fernuverje my der oer want it fielt hartstikkene fout. De fraach op dy manier stelle ymplisearret dat jo al net mear yn de winkel binne. It is achterôf freegje. Sa fan: ‘Jo binne al thús, mar hienen jo achternei ek in bontsje ha wollen?’ It is hiel bot yn de moade by jonge minsken dy’t ergens achter de kassa sitte Neffens immen dy’t der mear doel oer hat as de gemiddelden ûnder ús, is it in oerdreaune foarm fan fatsoen om it sa te freegjen. Minder direkt, mei fjouwer slaggen om de earm. Korrekt is: ‘Wilt u het bonnetje mee?’ Want jo steane der dochs, dus is it de goede tiid om soks te freegjen. Ik fyn dêr neat mis mei, mar blykber kin dat net mear. Miskien is it in moade-ding, krekt as it útsprekken fan KKKgggggooaaatsiejee, as je gewoan Kroatië bedoele. Noch in foarbyl...