Gemeente Heerenveen moat hotel Tjaarda stypje en Van der Valk keare.

 

'De Heerenveense ziekte' 

 

As berne Oranjewâldster (Brongergea) moat my it folgjende dochs even fan it hert. De earste rûchwei 23 jier fan myn libben ha ik mei eigen eagen sjoen hoe’t in doarp feroarje kin. Oan de Marijkemuoiwei allinnich al buorken fiif boeren, plus dat der fjouwer hynstebedriuwen wienen. De boeren binne al jierren út It Wâld ferdwûn, de pleatsen binne ôfbrutsen of feroare yn wenbuorkerijen. Geandewei is Oranjewâld troch de gemeente Heerenveen omtovere yn in ‘autoluw wandelpark’ dêr’t se je wol fan de dyk sjen wolle as je der tafallich al even delride moatte. De siel fan it doarp is totaal feroare.

Je sille dêr mar ûndernimmer wêze.

 Golden Tulip Tjaarda


Dizze wike diene eigner Klaas de Leeuw en eksploitant Tjitte de Wolff fan it romrofte hotel Tjaarda fia wurdfierder Jan Kamminga yn net mis te fersteane wurden in oprop om it Van der Valk hotel dat by de yngong fan Skoatterwâld op priemmen stiet, op te kearen. Dat liket ynearsten in frijwat egoïstyske oprop. Mar der sit folle mear achter. En net allinnich foar Tjaarda, ek foar restaurant De Hof van de Koning.

Yn de sucht nei foarútgong binne der yn de tiid in soad histoaryske en byldbepalende gebouwen ferdwûn. De wettertoer is it bekendste foarbyld. Hotel Tjaarda is ien fan de lêste echte pearels yn de gemeente Hearrenfean, strategysk lein op in fiifsprong yn Oranjewâld. Byldbepalend, histoarysk en ek gewoan prachtich konservearre. Spitigernôch binne de Oranjerie en de boarterstún mei de lachspiegels al ferdwûn om plak te meitsjen foar in saai parkearplak en in gersfjild wêrfan net ien wit hokker doel it hat. Mar klear, it âlde Tjaarda stiet der noch. Sels yn corona-tiid wie it in pleisterplak troch in foodtruck dêr’t je kofje krije koenen. De tsjokfolle ôffalbakken lieten sjen dat it doel hie.

 De wettertoer 

Dit alles driget nei de soademiter te gean. Want, terjochte stelle De Leeuw en De Wolff dat de konkurrinsje mei Van der Valk in drege saak wurde sil. En dat it folle better wêze soe om op dat plak wenten te bouwen. (Miskien sels yn de sosjale hiersektor?) En dêr is no krekt allemachtich ferlet fan. Net fan it safolste Van der Valk gedrocht, dy kinne je rûnom fine.

Wês as gemeente no in kear grutsk op wat der is en stypje de plannen, de deal oer nije fjilden foar de SC Heerenveen kin ek mei dy opset gewoan trochgean.

Je moatte der net oan tinke dat hotel Tjaarda oer in oantal jierren mei ynsmiten ruten stiet te fertutearzjen en dat De Hof van de Koning itselde lot treffe sil omdat je tafallich by Van der Valk ek ite kinne?






De Hof van de Koning


Twa gemeentlike ikoanen nei de ôfgrûn triuwe om ien nijmoadrige blokkedoaze te sponsorjen, it liket wat my oanbelanget op fleanen.

 De gemeenteried hat dizze wike sein dat de plannen trochgean, ‘omdat het besluit daarover nou éénmaal is genomen’.  Dit is dus de politike ûnmacht perfekt yn byld brocht om sels mei ‘voortschrijdend inzicht’ net de moed opbringe te wollen der noch in kear goed nei te sjen. Sels partijen dy’t by de beslútfoarming tsjin wienen. In kennis fan my neamde it dizze wike doe’t we it oer it (gebrek oan) nivo ditoangeande hienen: ‘De Heerenveense ziekte’

Wat docht de gemeente Heerenveen? De takomst fan twa prachtige echt Heerenveense bedriuwen op it spul sette yn ruil foar in neatsizzend Van der Valk hotel? Of is der noch romte foar histoarysk besef en foarútgong op de wenningmerk?

 

Ik hoopje op it lêste.            




Reacties

  1. Helaas is het mooie van Oranjewoud al heel lang weg. De prachtige ligging tussen de weilanden waar je s ochtends wakker werd door het geloei van de koeien. Op een mooie dag is het in de bossen bijna nog drukker dan op de Dracht. En moet je oppassen dat je niet door mountainbikers omver gereden wordt Laten we in godsnaam zuinig zijn op de pareltjes in Oranjewoud zoals je omschrijft Ferdinand. En ja ik zie ook niet het nut van een Van der Valkbij de toch al veel te drukke ingang naar Oranjewoud.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen