Posts

De falske boadskippers

Yn de Actief fan hjoed, 25 juny 2014, stiet in artikel dat skreaun is troch Marije Blacquière. It stik giet oer in konferinsje dy't as ûnderwerp krimp hie. Tal fan sprekkers wienen oanwêzich, fan âld premier Balkenende, Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân oant Biense Dijkstra fan it lykneamige boubedriuw en Albert Jan Kruiter, dy't omskreaun stiet as dosint en ûndersiker 'op het gebied van publieke zaken'. No, ju. Dat is grif in tige wichtige funskje. Balkenende seit: 'We zijn al decennialang bezig om de verzorgingstaat stapje voor stapje te corrigeren. Een correctie op de doorgeslagen verwachting van wat de staat doet. Het rotsvaste vertrouwen van vele burgers in het sociale systeem waarbij de overheid zorg draagt voor hun welzijn heeft weinig goeds gebracht,' aldus Jan Peter. Sterker: 'De verzorgingsstaat heeft mensen minder weerbaar gemaakt.' No, dêr bin ik it folslein mei iens. En in hiele soad fan myn lêzers sille dat net wêze, mar dat makk...

It is hjoed in moaie dei

It is hjoed in dei mei in gouden rântsje. Yn minstens twa opsichten. Yn it foarste plak is it hjoed fansels de langste dei. Dat wol sizze dat de folgjende Tocht der Tochten al mar tichterby komt. En dat is kwa praktyske edukaasje foar de jeugd fan hjoeddedei tige ynspirearjend. Litte we wol wêze, sa stikemwei rint it al wer moai nei de 20(!) jier dat dy hollânske sprútsjetúnker foar master opsloech. Us bern ha gjin idee wat de Tocht is, dus lit mar komme. De beammen sitte stiiffol fruchten, dat ik ha der in goed gefoel oer. Mar dan... It twadde punt. It is hjoed in tryste dei foar Mark Rutte en syn wrakseljende kabinet. Statistysk is oantoand dat fanôf hjoed se harren de kont rêde moatte mei it jild dat se ús ûntfytmanne ha. Dit is it, net mear. Wat sei? Ja, jim wisten it net. Fan 1-1-2014 oant hjoed ha jim foar Mark Rutte en co (de staat der Nederlanden) oan it wurk west. No meie jim foar jimsels oan de slach. De earste helte fan it jier wurkje jo foar de belesting, alles dat ...

Ut de rige kassettebandsjes: Stiff Little Fingers

Afbeelding
Tsja, hjoed gjin bloch, mar in ôflevering út de lange rige út eigen argyf.

Ferd Crone de nije Ombudsman?

Dus, Van Woerkom wurdt net de nije ombudsman. It is wat. Stikelstekker hat efkes yngreven ûndersyk dien nei dit nobele amt. Wa ha earder ombudsman west? Frits Bom, hear ik jim tinken. No, hast goed. It docht bliken dat je tige op je plak binne as ombudsman as je sa min mooglik dogge. Foaral net tsjin de Twadde Keamer yn gean, want dêr kinne de lange teannen net oer. Ek net tefolle misstannen oan it ljocht bringe, dat is not done. Jo binne ombudsman omdat dy der no ien kear wêze moat. Foar it oare moatte jo goed wêze yn it josels sa min mooglik profilearjen. Dan binne jo in goede ombudsman. Ja, dy De Jong sit wer lekker populistysk te lullen, hear ik jim wer tinken. No, dat falt te besjen. Sjoch mar ris nei it listje hjirûnder. De man dy't net yn it nijs kaam troch dat wat er eins dwaan moast, it oan de kaak stellen fan misstannen, dy waard opnij beneamd. De oaren net. Te lestich foar de hearen en dame's folksfertsjintwurdigers, blykber. Prof.dr. Alex F.M. Brenninkmeijer...

It ferhaal fan it floeipapierke

Afbeelding
Hjoed seach ik in floeipapierke. Dat soe samar de earste rigel út in boek wêze kinne, mar dat is it net. Hjoed seach ik in floeipapierke. It wie it lêste út it pakje, want it lege omskot lei in meter fierderop. It papierke wie oan in stien plakt. Dy stien sit yn de muorre fan in tsjerke. Flak njonken de yngong fan de tsjerke. In tsjerke dy't moai ferskûle leit yn de beammen. Wêrom plakt immen syn of har lêste floeike oan in tsjerke? Soks set my oan it tinken. In floeipapierke oan in stien fan in tsjerke plakt. Is it in statement? Is it om oan te jaan dat de persoan dy't it op dy muorre plakt hat no einliks stopje wol mei smoken en dêr God as tsjûge by ha wol? Is it omdat er tinkt dat it... Ik wit it net. Miskien is it wol út de gek. Mar dêr leau ik eins net yn. As eks smoker wit ik dat it not done is om mei floeikes te knoeien. De persoan hie der folle better noch in peuk fan draaie kinnen. Hie er him of har efkes deljûn op it bankje mei útsjoch op de tsje...

And the winner is? Feenstra Flyers!

Afbeelding
De Stanley Cup 2014 is wûn troch de Los Angeles Kings. It is de grutste priis dy't je helje kinne yn it iishockey. De Kings ha him foar de twadde kear yn trije seizoenen wûn, dat is fansels gjin tafal. Yn de finalesearje wienen se te sterk foar de New York Rangers. Op de side fan de National Hockey League stienen fiif redens wêrom't de Kings de Rangers ferslein ha. De djipte fan de seleksje, de fitheid fan de seleksje, de mearwearde fan de Kanadeeske ferdigener Drew Doughty, it fermogen om yn de ferlinging altyd wer in goal te meitsjen en de rêst fan coach Darryl Sutter. Dat mei allegearre sa wêze, mar earlik sein fyn en fûn ik it spul fan de Kings net om oan te sjen. It is tige effisjint, in foarm fan kick and rush sa as dat yn de legere divysjes fan it Ingelske fuotbal spile wurdt. Dump de puck mar yn in hoeke en soargje yn it gefjocht wat dêrnei komt dat je him krije, lis him ôf nei de blauwe line en sjitte mar, om dêrnei yn de rebound opnij te knokken om de puck der y...

Fragaria en De Tocht

Fragaria. De Latynske namme foar snobberij út eigen tún. Se neame se simmerkeninkjes. En dat binne it. Wy ha der in aardich stikje tún mei fol, mar oare jierren woenen se net. Mar sa no en dan in frucht, wylst je der as de soademiter by wêze moasten, oars hienen de slakken der al mei rêden. Dit jier is alles oars. Wy ha yngreven ûndersyk dien en binne ta de konklúzje kaam dat we se noch mar in jier stean litte moatte. En dat beslút docht fertuten. Wat? Se sitte stiiffol. Net mei fan dy rudige lytskes, mar hearlike, soppige, fjoer- en donkerreade. Bakjes fol ha wy der al ôfhelle, mar der komme alle dagen nije by. Alle dagen iis mei dizze traktaasje fan eigen sângrûn. En slachrjemme. Wy lykje wol Britten op Wimbledon. Mar ik moat sizze dat it in soad goedmakket fan dizze oant no ta rampsalige edysje fan 2014. Meane yn febrewaris, skriezen dy't twa kear de guillotine oer harren hinne fleanen sjogge. Wat in idioat jier is dit. Ik ferwachtsje yn novimber de Noorderrondritten en be...