Posts

PvdA ferkeapet syn siel oan de duvel

'Er moet wat gebeuren om in de toekomst goed onderwijs te kunnen blijven aanbieden.' Sokssawat sei minister Jet Bussemaker juster by Knevel en Van de Brink, de EO talkshow om 23.05 op Nederlân ien. De basisbeurs wurdt omruile foar in lienstelsel. De trochrinnende jildhonger en it útrûpeljen fan de gewoane man nimt no dochs echt skandalige foarmen oan. En foar wa is dat ûnderwiis dan, frou Bussemaker? Dit kabinet, mei in VVD dy't him al mar mear yn de hannen wriuwt en in PvdA dy't syn siel alle dagen mear oan de duvel ferkeapet, soarget mei de gong fan in sneltrein foar it ideale plaatsje fan liberaal Nederlân. Ald jild makket mear jild, de bern fan de regearjende elite krije folop kânsen om te studearjen en de gewoane boargers moatte harren de bek hâlde en belesting betelje. Dêr ha wy sels foar keazen, de VVD sa grut makke dat se dit belied stâl jaan kinne. Dat de PvdA him deryn luze litten hat en no de kloaten net hat om der út te stappen, seit wat oer hoe wanhop...

Mienskipsjild brûke foar sport?

Wisten jim wol dat Icedome Almere ek op Facebook sit? It hiele spektakel sil oan de Elementendreef yn Almere Poort komme, sa is te lêzen. En op dy side wurde fragen steld oer hoe't it sit mei de plenning en sa. No wit ik net wa't efter dy side sit, hear. Mar it kommintaar is tige bernich. In spul fan lange teannen. Sa as dat yn it hiele ferhaal de reade tried is. Se ha dêr grutte plannen, as it my net mist sil Tom Mulder mei syn komplete kroech It Houtsje en it Reedridersmuseum út Hylpen der ek in plak yn krije. Ik ha der de gek wat mei, mar dat is ek net sa nuver. Noch gjin peal yn de grûn en al op Facebook. Dat is de nije tiid. Se soenen hjoed de krante ris lêze moatte. Of Stikelstekker folgje, mar dy Hollanners wolle fansels de twadde rykstaal net behearskje, de earste is al dreech genôch. Dêrom wolle se koste wat it kostet ek it reedriden út dat ferfelende Hearrenfean wei ha. 'Want hier spreken ze zo'n vreemd taaltje...' Net myn betinksel, mar in útspraak fan ...

Fryslân, in boarre yn de sinne

Afbeelding
Fryslân yn de simmer De kiezer hat sprutsen. En hoe. Yn Frankryk, Ingelân, Eastenryk en Denemarken, tafallich allegearre lannen flak om ús hinne, wurdt it anty Europeesk tinken troch it elektoraat helder nei foarren brocht. De PVV yn Nederlân wol yn Brussel en Straatsburg graach gearwurkje mei de winners fan de ferkiezings. As Wilders syn partij wat demokratysker ynelkoar sleutele hie, tink ik dat er hjir ek fierwei de grutste wurden wie. Wy meie dus bliid wêze mei de diktator Wilders, dy't mei sa'n opstelling nea grutter wurde sil as dat er no is, en dus 'behearskber' bliuwt. Wê'r't we de eagen net foar slute meie en kinne, is dat Europa net populêr is. Lannen dy't eartiids al graach harren sels as lieders fan de âlde wrâld seagen, Ingelân en Frankryk, sjogge net folle mear yn it jildferslinende gedrocht dat EU hjit. Dútslân is de grutte motor fan Europa en ek ús belangrykste hannelspartner. Rutte en co sille de ûntwikkelings by frou Merkel skerp yn...

Neat op TV

Afbeelding
Hearlik, al dy ferhalen oer 'dit wie it bêste konsert ea..' De ien wol Queen de eare ta ha, de oare syn of har eigen favoryt. It makket ek neat út, oer smaak kinne je it in libbenlang ha. Dizze stiet yn elts gefal yn myn top 10. Der is dochs neat op TV, krij in goed glês wyn of wat oars en ik wik jim, dit is 1.23.39 tige goed bestege tiid. En noch wat, net te hurd meisjonge, want dat komt der efterwei. Ien fan de meast legendaryske konserten ea, Simon and Garfunkel yn Central Park. Hearlik foar in sneontejûn. In soad wille der mei.

Nederland doet gooi naar Songfestival 2030: Casper de Robles voorbeeld

Afbeelding
Replica Casper de Robles naar songfestival 2030 ‘Normale inzending niet kansrijk genoeg’ Van onze binnenlandredactie Hilversum- Het kabinet is bereid ver te gaan om na 55 jaar eindelijk het Eurovisie songfestival weer eens winnend af te sluiten. Dit blijkt uit een uiterst geheim rapport dat in bezit is van deze krant. Hierin wordt tot in detail beschreven welke revolutionaire plannen hiervoor gesmeed zijn. ‘De opvolger van Teach-In moet nu maar eens gestalte krijgen,’ lachte premier Rutte in Nieuwspoort toen hij werd geconfronteerd met het uitgelekte rapport.   Een aantal topmensen uit de neurologie en overige chirurgische sectoren hebben op last van Den Haag de koppen bij elkaar gestoken om tot een winnend format te komen. Hierbij worden heilige huisjes omver gelopen alsof ze er niet zijn. Het grote voorbeeld is het beeld van Casper de Robles, dat op de zeedijk bij het Friese Harlingen staat. In de volksmond heet het beeld De Steenen Man. Echter niet de n...

Test

Afbeelding
Ik ha efkes in stille test dien. Foar de gemiddelde lêzer fan dizze Frysktalige side sil it net daliks yn it each springe. Mar dêrom is it ek in stille test. Eins ferwachtsje ik in minimale reaksje op dizze stille test. Ek in reaksje dêr't eins nimmen wekker fan lizze sil. Omdat it te bernich foar wurden is. De kâns is dan ek tige grut dat jim it net iens merke sille. Dat soe ek fierwei it bêste wêze.

Earnstich konflikt, minsken.

Afbeelding
Wy ha te krijen mei in earnstige konfliktsituaasje. Dat is in slimme saak. No't it waar sa opknapt dat je efkes op it terras jo stikje bôle opite kinne, as jo dat wolle, smyt dat piipjende protesten op. Wy binne freeslik fan de natuer, sis mar. Dat betsjut dat wy hjir en dêr nestkasten ophong ha, sadat de kat en oare predatoaren net by de jongen fan de sjongfûgels komme kinne. Op it terras hingje ek twa. Yn ien dêrfan binne in leaf steltsje blaukopkes lutsen. It kastje hinget flak njonken it rút en it is in aardichheid. Se fleane ôf en oan mei griene rûpen, dy't út de ikebeammen komme. De jongen meitsje ek al aardich leven, dat se sille ynkoarten wol útfleane. Mar wat is no it gefal? Ik mei graach op de stoel sitte dy't flak by dat hokje stiet. En dan mar net miene dat de âlden der yn wolle. Piipje as twa oaren en fan takke nei wynwizer hippe. Lûd protest. Dat ik ha myn board mar krigen en bin oan de oare kant fan de tafel sitten gien. Jo wolle net sa raar, dy jongen...