PvdA ferkeapet syn siel oan de duvel

'Er moet wat gebeuren om in de toekomst goed onderwijs te kunnen blijven aanbieden.'

Sokssawat sei minister Jet Bussemaker juster by Knevel en Van de Brink, de EO talkshow om 23.05 op Nederlân ien. De basisbeurs wurdt omruile foar in lienstelsel. De trochrinnende jildhonger en it útrûpeljen fan de gewoane man nimt no dochs echt skandalige foarmen oan.

En foar wa is dat ûnderwiis dan, frou Bussemaker?

Dit kabinet, mei in VVD dy't him al mar mear yn de hannen wriuwt en in PvdA dy't syn siel alle dagen mear oan de duvel ferkeapet, soarget mei de gong fan in sneltrein foar it ideale plaatsje fan liberaal Nederlân. Ald jild makket mear jild, de bern fan de regearjende elite krije folop kânsen om te studearjen en de gewoane boargers moatte harren de bek hâlde en belesting betelje. Dêr ha wy sels foar keazen, de VVD sa grut makke dat se dit belied stâl jaan kinne. Dat de PvdA him deryn luze litten hat en no de kloaten net hat om der út te stappen, seit wat oer hoe wanhopich se oan it plús fêstplakt sitte.

Mei de sjantaazjestipe fan in pear opposysjepartijen hobbelt de BV Nederlân werom yn de tiid. De tiid dat de biblioteken wol ticht kinne, de miljarden nei in pear prosint fan de Nederlanners gean, in wurkleaze boppe de 35 it hast wol ferjitte kin om wer oan de slach te komen en de ekonomen en oare belanghawwenden sizze dat de krisis oer is en we no ferdomme hast wer ris begjinne moatte om jild út te jaan omdat op dizze wize harren soarchfâldich opsetten kaartehûs driget om te fallen.

Mocht soks net hurd genôch gean, komt dit kabinet fan PvdA en VVD mei maatregels dy't de gegoede klasse net fiele sil, omdat se jild genôch ha, mar dy't as ekstra bonus omsmite sil dat briljante bern mei âlders dy't minder te besteegjen ha aanst amper studearje kinne. Lekker puh.

 It is te tryst foar wurden.

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'