Mienskipsjild brûke foar sport?

Wisten jim wol dat Icedome Almere ek op Facebook sit? It hiele spektakel sil oan de Elementendreef yn Almere Poort komme, sa is te lêzen. En op dy side wurde fragen steld oer hoe't it sit mei de plenning en sa. No wit ik net wa't efter dy side sit, hear. Mar it kommintaar is tige bernich. In spul fan lange teannen. Sa as dat yn it hiele ferhaal de reade tried is. Se ha dêr grutte plannen, as it my net mist sil Tom Mulder mei syn komplete kroech It Houtsje en it Reedridersmuseum út Hylpen der ek in plak yn krije. Ik ha der de gek wat mei, mar dat is ek net sa nuver. Noch gjin peal yn de grûn en al op Facebook. Dat is de nije tiid.

Se soenen hjoed de krante ris lêze moatte. Of Stikelstekker folgje, mar dy Hollanners wolle fansels de twadde rykstaal net behearskje, de earste is al dreech genôch. Dêrom wolle se koste wat it kostet ek it reedriden út dat ferfelende Hearrenfean wei ha. 'Want hier spreken ze zo'n vreemd taaltje...' Net myn betinksel, mar in útspraak fan dat jonkje fan Studio Sport mei dat poddehier om it kin. Blaaswei.

Okee, noch ien kear dan. It reedriden is grut yn Nederlân, mar de rest fan de wrâld hat der amper wat mei. Mar sels oan de populariteit yn NL komt in ein. Net oan it riden, dat bliuwt fansels prachtich, mar oan de jildstream. De hiele sportsponsoring stiet swier ûnder druk, de krisis mei dan op papier en troch de ekonomen dien ferklearre wêze, it hat noch alle dagen gefolgen. Ien fan de gefolgen is dat de minsken net mear samar in bak jild yn de sport stekke wolle. Je sjogge it rûnom, by hast alle sporten. It moat echt mearwearde ha wolle der nije jildsjitters komme dy't sizze dat se harren earne oan ferbine wolle.

Freegje no ris op de dyk oan immen wat TVM is. 'O, dat is dy sponsor fan de reedriders,' sille de measte minsken sizze. Mar freegje dan ris wat TVM docht. Dan koe it wolris hiel stil wurde, wylst de namme TVM hast by 100% fan de minsken bekend is.

Dizze wike lies ik dat de gemeente Deventer mei ien as oare konstruksje fuotbalklup Go Ahead Eagles stypje sil. In liening of sa. 6 miljoen euro foar de ferbouw fan in tribune. Earder wie der al jild yn de fjildferwaarming stutsen. Is dat de oplossing? Belesting heffe om ditsoarte saken bekostigje te kinnen? Of moat profsport sels de broek ophâlde kinne? Yn Fryslân stipet de provinsje de bou fan twa iisstadions. Dêr is dan wat foar ferkocht, de oandielen Nuon. Dat fielt krekt wat oars.

No soe hjir in sturt oan breide wurde kinne troch it oer de mooglike bou fan in balskopstadion en de te ferwachtsjen fraach om jild te hawwen. Mar dêr wachtsje we noch mar efkes mei. Lange teannen, no?





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen