Earnstich konflikt, minsken.

Wy ha te krijen mei in earnstige konfliktsituaasje. Dat is in slimme saak.

No't it waar sa opknapt dat je efkes op it terras jo stikje bôle opite kinne, as jo dat wolle, smyt dat piipjende protesten op.
Wy binne freeslik fan de natuer, sis mar. Dat betsjut dat wy hjir en dêr nestkasten ophong ha, sadat de kat en oare predatoaren net by de jongen fan de sjongfûgels komme kinne. Op it terras hingje ek twa. Yn ien dêrfan binne in leaf steltsje blaukopkes lutsen. It kastje hinget flak njonken it rút en it is in aardichheid. Se fleane ôf en oan mei griene rûpen, dy't út de ikebeammen komme. De jongen meitsje ek al aardich leven, dat se sille ynkoarten wol útfleane.

Mar wat is no it gefal? Ik mei graach op de stoel sitte dy't flak by dat hokje stiet. En dan mar net miene dat de âlden der yn wolle. Piipje as twa oaren en fan takke nei wynwizer hippe. Lûd protest. Dat ik ha myn board mar krigen en bin oan de oare kant fan de tafel sitten gien. Jo wolle net sa raar, dy jongen moatte ek iten ha. Op de foto sjogge jo ien fan de bewenners, dy't noch al wat lilk sjocht, mar dochs fierder giet mei it grutbringen fan syn neiteam.
 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen