Posts

11 oere

No, ik ha niis noch alle social media bydel west, mar gjin nijs oer Bas Dost. Dat ik jou my mar del. Moarn sil wol yn alle kranten stean dat er om fiif foar tolven ferkocht is, mar it is my wol goed. Ik ha mear noed oer wat der yn it midden easten spilet. Finzenen dy't troch smokkeltunnels werom komme yn Gaza en daliks ferklearje dat se noch like folle hate tsjinoer Israel ha as dat se hienen foardat se yn Egypte yn in sel bedarren. It minske dat foar dat krûdfet yn oplossing wit moat noch berne wurde bin ik bang. Foar no en de kommende jierren sille we it mei noch mear selsmoardoanslaggen, bommen op skoallen en noch mear ellinde dwaan moatte. Goede ried is djoer, en alles út namme fan de allerheechste. Dat wa ek mar wat docht, se ha it gelyk oan har kant. Fertel my wat de oplossing is en ik keapje in gleske bier foar dy, miskien wol twa. Of trije.  

Covers, i hung my head

De wrâld wurdt oerspield mei covers. Yn Fryslân kinne we der ek wat fan. Dylan yn it Frysk, Cohen yn it Frysk, covers fan Heart (fielt sa goed ofwol bûkemantsje is I love you yn it Frysk), Vreeswijk yn it Frysk en noch folle mear. Wêrom is dat? Is de ynspiraasje fuort? Of wie wat dizze minsken makke ha sa goed dat we der ek wat fan meisline wolle, of is it gewoan leuk om te dwaan? Nynke Laverman hat in Halleluja delsetten dêr't se yn Hilversum in puntsje oan sûgje kinne, sa moai. Mar je kinne je ek núver fertille oan sa'n cover, foarbylden genôch, mar ik skriuw dit stikje net om minsken yn de bleate kont te setten, dat dogge se sels wol. Nee, ik ha in probleem, want wat lies ik hjoed? No komt Johnny Cash oan bar. Sjoch, alles hat in grins. Der binne sjongers dêr't je net oan komme meie, dêr moatte je ôfbliuwe. Sels as je út Drachten komme en de rest fan je libben wrakselje mei it leauwen, dan noch net oan Cash komme! As je sizze dat Cash jo held is dan draaie jo syn platen...

Johnny Cash - I Hung My Head

Afbeelding

De senuwen krije je derfan

Sûnt koart ha 'k in account op twitter. Mar dat wie it dan ek wol. Ik snap net wêr't dat goed foar is, dat twitter. 'efkes nei it húske' 'bin der wer, it woe wol aardich' mei fiif minuten dertusken. Ik skriuw wolris wat, sa as no op myn bloch. (en soms noch wat mear) Mar dat gejeuzel? Ik krij der de senuwen fan. Fiif kear yn it kertier in berjocht fan Omrop Fryslân, dat hie ik al op de radio heard! Fraach is, hoe ha dy fanatike twitteraars it de godgânske dei oan tiid om te dwaan wat se dogge? As noviteit foar minsken dy't wolris wat oars yn de hannen ha as har iPad, iPhone of Blackberry soe in protese wêze kinne, sadat je ûnder it wurk konstant it skermke yn it each hâlde kinne. In soarte fan bûtenboardbeugel, mar dan net mei blokjes om de tosken rjocht te setten, mar mei in hâlderke foar de mobyl. Echt linige minsken soenen dan mei de tonge reagearje kinne as ien fan de folgers wer in ûnsinberocht twittere hat. Neffens my is twitter wat foar de nije eli...

Kânsen

"Alles wat u vraagt zal u gegeven worden," sei minister Hillen fan definsje. Om de missy yn it noardeasten fan Afghanistan der troch te krijen, blykt de oppposysje machtiger as ea. Geert wol neat, dus sil der stipe komme moatte. Posityf ynstelde minsken sizze altyd dat je yn kânsen sjen en tinke moatte. Dan kinne it noch wolris spannende tiden wurde. Stel: it CDA hat in plan, en kriget de VVD mei. Geert wol nea wat, dus mar wer lobbye en flaaikje om guon mei te krijen. Dan kin links it dus meitsje en brekke. Wat no de PVV hat it foar it sizzen? Der wurdt op it stuit oan alle kanten wikseljild frege en útjûn. Dit plysjeoplieden kin mar better trochgean, net omdat it no sa'n fraai plan is, mar foar de kommende jierren. Hoe mear wikseljild der op dit stuit oer en wer giet, des te minder kâns dat Geert syn ynfloed grutter wurde sil. En dat is wat de polityk wol, dochs?  

It fallyt fan it aaisykjen

Ik wit it noch as de dei fan juster. It wie yn de iere maaitiid fan 1979. As jonkje fan in jier as tsien frege ik my alle dagen ôf wêr't myn buorjonge dochs eltse dei hinne gie, der moast fuotballe wurde, blinder! Mar hy fytste dei oan dei de modderreed del en gie te aaisykjen. Dat wie nij foar my, mar ik bin in kear meigien. En as spile de dúvel der mei, fyn ik net it aai dêr't hy al dagen op rûn? Op in plak dêr't nea in aai lizze koe, se laken my út doe't ik omtrint troch it wetter rûn. Mar der wie in lyts stikje dat net splis stie, en dêr lei it. Myn earste echte ljipaai. Ik wie ferkocht, en waard tige fanatyk. In oantal jierren letter, ik ried doe al yn in auto, waard de wille ferballe trochdat de plysje my in kear nei myn aaisikerskaart frege. Dy hie ik net, en wie ek net fan plan om ien oan te skaffen. It moast net mâlder, wa hie lêst fan my, midden yn de Mildaamster polder. De koarts wie oer. Ik ha nea wer aaisocht. Ik mei noch graag sjen en hearre as der in â...

Sensaasjesucht

Foar wa't it noch net wit, Doutzen hat... lit mar. It is eltse kear wer in iepenbiering, de sucht nei sensaasje. Ik ha der neat mei. Mar foar party minsken is it shownijs mei dy relnicht fan in Albert Verlinde it hichtepunt fan de dei. Hy is ek noch riddere, twa kear al, as it my net mist. Fanwege it omtinken foar de homokultuer en de kultuer yn it algemien. Twa kear kul. Ik ha neat op homo's tsjin, sterker, yn de regel binne it fatsoenlike minsken. Mar neffens my soe de homoscene better ôf wêze sûnder sa'n provokative lawaaimakker as Verlinde. De flibe rint him súver fan it kin ôf, as er wer in blokje breaking news hat oer de ien as oare BNner. Mar der skynt in merk foar te wêzen. Krekt as foar alles dat mei in lytse poppe fan in topmodel te meitsjen hat. Niis lies ik dat se mar gau soargje moast dat se wer yn foarm kaam, oer in pear wike soe de earste fotoshoot wer op de aginda stean. Yn foarm? It bern hat noch nea sa yn foarm west as no! In sûne poppe op de wrâld, en ...