11 oere

No, ik ha niis noch alle social media bydel west, mar gjin nijs oer Bas Dost. Dat ik jou my mar del. Moarn sil wol yn alle kranten stean dat er om fiif foar tolven ferkocht is, mar it is my wol goed. Ik ha mear noed oer wat der yn it midden easten spilet. Finzenen dy't troch smokkeltunnels werom komme yn Gaza en daliks ferklearje dat se noch like folle hate tsjinoer Israel ha as dat se hienen foardat se yn Egypte yn in sel bedarren.
It minske dat foar dat krûdfet yn oplossing wit moat noch berne wurde bin ik bang. Foar no en de kommende jierren sille we it mei noch mear selsmoardoanslaggen, bommen op skoallen en noch mear ellinde dwaan moatte. Goede ried is djoer, en alles út namme fan de allerheechste. Dat wa ek mar wat docht, se ha it gelyk oan har kant.
Fertel my wat de oplossing is en ik keapje in gleske bier foar dy, miskien wol twa. Of trije.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen