Covers, i hung my head

De wrâld wurdt oerspield mei covers. Yn Fryslân kinne we der ek wat fan. Dylan yn it Frysk, Cohen yn it Frysk, covers fan Heart (fielt sa goed ofwol bûkemantsje is I love you yn it Frysk), Vreeswijk yn it Frysk en noch folle mear. Wêrom is dat? Is de ynspiraasje fuort? Of wie wat dizze minsken makke ha sa goed dat we der ek wat fan meisline wolle, of is it gewoan leuk om te dwaan? Nynke Laverman hat in Halleluja delsetten dêr't se yn Hilversum in puntsje oan sûgje kinne, sa moai. Mar je kinne je ek núver fertille oan sa'n cover, foarbylden genôch, mar ik skriuw dit stikje net om minsken yn de bleate kont te setten, dat dogge se sels wol. Nee, ik ha in probleem, want wat lies ik hjoed?
No komt Johnny Cash oan bar. Sjoch, alles hat in grins. Der binne sjongers dêr't je net oan komme meie, dêr moatte je ôfbliuwe. Sels as je út Drachten komme en de rest fan je libben wrakselje mei it leauwen, dan noch net oan Cash komme! As je sizze dat Cash jo held is dan draaie jo syn platen, lústerje nei syn stim, en fierder dogge jo neat. Jo genietsje, mar helje it net yn de holle om sels wat fan dy man op in skiif te prutsen.
I hung my head.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen