De senuwen krije je derfan

Sûnt koart ha 'k in account op twitter. Mar dat wie it dan ek wol. Ik snap net wêr't dat goed foar is, dat twitter. 'efkes nei it húske' 'bin der wer, it woe wol aardich' mei fiif minuten dertusken.
Ik skriuw wolris wat, sa as no op myn bloch. (en soms noch wat mear) Mar dat gejeuzel? Ik krij der de senuwen fan. Fiif kear yn it kertier in berjocht fan Omrop Fryslân, dat hie ik al op de radio heard!
Fraach is, hoe ha dy fanatike twitteraars it de godgânske dei oan tiid om te dwaan wat se dogge? As noviteit foar minsken dy't wolris wat oars yn de hannen ha as har iPad, iPhone of Blackberry soe in protese wêze kinne, sadat je ûnder it wurk konstant it skermke yn it each hâlde kinne. In soarte fan bûtenboardbeugel, mar dan net mei blokjes om de tosken rjocht te setten, mar mei in hâlderke foar de mobyl. Echt linige minsken soenen dan mei de tonge reagearje kinne as ien fan de folgers wer in ûnsinberocht twittere hat.
Neffens my is twitter wat foar de nije elite, dy't eins gjin donder útfiere, mar der wol foar betelle krije, en it de hiele dei oan tiid ha om neat te dwaan en te twitterjen. Sa. No ha 'k it sein!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen