It fallyt fan it aaisykjen

Ik wit it noch as de dei fan juster. It wie yn de iere maaitiid fan 1979. As jonkje fan in jier as tsien frege ik my alle dagen ôf wêr't myn buorjonge dochs eltse dei hinne gie, der moast fuotballe wurde, blinder! Mar hy fytste dei oan dei de modderreed del en gie te aaisykjen. Dat wie nij foar my, mar ik bin in kear meigien. En as spile de dúvel der mei, fyn ik net it aai dêr't hy al dagen op rûn? Op in plak dêr't nea in aai lizze koe, se laken my út doe't ik omtrint troch it wetter rûn. Mar der wie in lyts stikje dat net splis stie, en dêr lei it. Myn earste echte ljipaai.
Ik wie ferkocht, en waard tige fanatyk. In oantal jierren letter, ik ried doe al yn in auto, waard de wille ferballe trochdat de plysje my in kear nei myn aaisikerskaart frege. Dy hie ik net, en wie ek net fan plan om ien oan te skaffen. It moast net mâlder, wa hie lêst fan my, midden yn de Mildaamster polder.
De koarts wie oer. Ik ha nea wer aaisocht.
Ik mei noch graag sjen en hearre as der in âld hij oer de wjuk giet, mar ik ferdom it om mei kaarten en tillefoantsjes en smskes yn it frije fjild ek al oan regels bûn te wêzen. It aaisykjen rint op syn lêste fuotten. Jammer dat Harm Niesen skylk al dea is foardat er sjen kin dat de ljippen en alle oare greidefûgels opfretten binne troch bisten dy't de faunaklup ek beskermet. En in soadsje Frânsken mei jachtgewearen der op ta, mar dy tinke dochs allinnich mar oan harsels, dêr is gjin salve oan te striken.
We moatte der mar genoegen mei nimme dat yn dizze ferzje fan Fryslân, anno 2011, je sa no en dan noch it sjongen fan in ljurk en it roppen fan in skries hearre meie, as it oan Harm Niesen leit is dat aanst gau oer. Mar dat hat er sels net yn de gaten, dat is it slimste.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen