Sensaasjesucht

Foar wa't it noch net wit, Doutzen hat... lit mar.
It is eltse kear wer in iepenbiering, de sucht nei sensaasje. Ik ha der neat mei. Mar foar party minsken is it shownijs mei dy relnicht fan in Albert Verlinde it hichtepunt fan de dei. Hy is ek noch riddere, twa kear al, as it my net mist. Fanwege it omtinken foar de homokultuer en de kultuer yn it algemien. Twa kear kul. Ik ha neat op homo's tsjin, sterker, yn de regel binne it fatsoenlike minsken. Mar neffens my soe de homoscene better ôf wêze sûnder sa'n provokative lawaaimakker as Verlinde.
De flibe rint him súver fan it kin ôf, as er wer in blokje breaking news hat oer de ien as oare BNner. Mar der skynt in merk foar te wêzen.
Krekt as foar alles dat mei in lytse poppe fan in topmodel te meitsjen hat. Niis lies ik dat se mar gau soargje moast dat se wer yn foarm kaam, oer in pear wike soe de earste fotoshoot wer op de aginda stean. Yn foarm? It bern hat noch nea sa yn foarm west as no! In sûne poppe op de wrâld, en hjir en dêr wat ekstra fleis op de bonken, wat no yn foarm reitsje? Lit dy minken mei rêst, al soe se oer in jier as wat 200 pûn wêze, dan noch laket se eltsenien út. Se hat mei de illúzje foarspegeljen yn de sabeare wrâld fan it perfekte lichem en de dêrby hearrende klean dy't oars gjin minke oan ha kin as modellen dy't in kilo as 15 te licht binne, al safolle jild fertsjinne, dat se nea wer in slach hoecht te dwaan. En dat gun ik har graach. Mar lit se mei rêst, sawol oer harsels as oer wat foar Fryske idioatichheden guon oan har en har poppe keppelje wolle. Dat moat se sels witte.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen