Kânsen

"Alles wat u vraagt zal u gegeven worden," sei minister Hillen fan definsje. Om de missy yn it noardeasten fan Afghanistan der troch te krijen, blykt de oppposysje machtiger as ea. Geert wol neat, dus sil der stipe komme moatte.
Posityf ynstelde minsken sizze altyd dat je yn kânsen sjen en tinke moatte. Dan kinne it noch wolris spannende tiden wurde. Stel: it CDA hat in plan, en kriget de VVD mei. Geert wol nea wat, dus mar wer lobbye en flaaikje om guon mei te krijen. Dan kin links it dus meitsje en brekke. Wat no de PVV hat it foar it sizzen? Der wurdt op it stuit oan alle kanten wikseljild frege en útjûn. Dit plysjeoplieden kin mar better trochgean, net omdat it no sa'n fraai plan is, mar foar de kommende jierren. Hoe mear wikseljild der op dit stuit oer en wer giet, des te minder kâns dat Geert syn ynfloed grutter wurde sil. En dat is wat de polityk wol, dochs?  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen