Posts

Njonkenbaantsje fan in feilingmaster.

Ha! Se ha it by it museum Belvedêre ek yn de gaten. Skuor dy Alexander mar ris út dy grêftegurdle wei. De âld ôfslagger mei in sit nimme yn it bestjoer. Soe dat ek noch wat opsmite bûten de reiskosten en de liters kofje? Wat sil er frjemd om him hinne sjoen ha op wei nei it Wâld, nea witten dat der noch sa'n grut stik gea boppe Amsterdam lei. En ferduld, der stiet ek noch in knap gebou yn dy negerij mei dêryn... no brekt my de djoere Italiaanske merkskoech, in aardich stikje nijmoadrige keunst! Op it stuit dat er dat seach ha se him frege. Hy wie sa fan't hynder dat er ja sei. No moat dy siel fiif kear yn't jier dizze kant op! 'Wat staat er vandaag in de agenda?' freget er oan de sekretaresse. 'Ja, daar heb ik me al een paar keer over gebogen, maar ik kom er niet uit. Volgens mij staat er bestuursvergadering in... eh... Oranjewoud?? Alexander rekket daliks yn in jolige bui. 'Haal de klompen maar uit de kast, vandaag een dagje platteland.' De sekretare...

Sorry!

Bêste minsken, hjoed gjin ynspiraasje. Ik bin te bot ûnder de yndruk fan de lêzing oer funaire skiednis en it dêrby hearrende bedobjen fan minsken op de raarste plakken. Fan fersetswallen oant sammelgrêven op op it each fatsoenlike begraafplakken, we ha se werklik oeral hinnebrocht. Fan klapkisten as jildbesparring, oant mei de blauwe kile oan op in tsjuster hoekje op it hôf omdat de keardel der gjin ljocht mear yn seach en in eintsje tou en in wankel krukje opsocht hie, en dat mocht net. Dus in earmenplak wie wat him oerbleau, leafst efter in hage, dat we it mar net sjen koenen. Dat sa'n persoan miskien syn hiele libben narre wie omdat er in brike noas of in houten poat hie die net ta de saak, hy hie him net ophingje mochten. In minske is in raar ding. Genôch trystich praat, hjirûnder in taspraak fan de foarsitter fan de feriening 'Ons genoegen', Toon op syn bêst!

Toon Hermans: Toespraak tot de vereniging Ons Genoegen

Afbeelding

Sylfamke.

Witte jim noch wa't Laura Dekker is? In skoftsje lyn foel heal bemuoisuchtich Nederlân noch oer har hinne mei har plan om de wrâld rûn te silen. No hear ik nimmen mear oer it 'zeilmeisje' Dat wurd allinnich al soe foar my reden wêze om nea wer in foet op Nederlânske grûn te setten. Wat delbûgend, krekt as ha se it oer in ding, net oer in fanke dat de measte fan dy ferstannige minsken wol tsien kear oer de kop kin. As it jo sels tin troch de broek rint as je oan hege weagen tinke, moat eltsenien him dêr dan oan oanpasse? Wêr is it aventoer yn de minsken bleaun? Laura makket it goed, se sit op it stuit op in Kaapverdisch eilân. 25 graden yn it skaad, wat wol in minske noch mear. En foar de soarchsume typkes: se hat juster en hjoed drok mei har húswurk dwaande west. Ik ha neat mei silen, mar wat bin ik jaloersk op dat fanke, GO LAURA!!! Lit se hjir allegerarre mar in poepke rûke yn dit troch regels bedoarne lân.

Toljild, gjin grapke.

Earlik wier, ik wist net wat ik hearde. Opslach wie ik ûnwennich nei alle kfdK's dy't we ea hân ha. Wiegel, Nijpels, it makket my net út. Ik sil it efkes útlizze. As jo midden yn it bosk berne binne, is dat as bern jo eigen wrâld. Elts paadsje, beamke en strúkje wisten je te finen. Gjin hikke of stek dat jo kearde. No hat ús kfdK de goare lef om te sizzen: 'Als ik voor een hek sta en ik moet vijf of tien euro betalen om een stuk in een natuurgebied te wandelen zal dat voor mij geen reden zijn om mijn auto te keren.' Nee, foar dy net, do pakst in moai part fan de Balkenende noarm yn it jier, patser! Wat te tinken fan de minsken dy't it mei € 50 yn de moanne dwaan moatte? Dy ha yn it earste plak gjin SUV om nei de bosk te riden, en as se dêr komme is foar harren dy 'luttele' pear euro wol reden om te sizzen: 'Wy sykje wol in oar stikje natoer op.' Ik soe hjir in samling fan skelwurden opskriuwe kinne dy't ik fan tapassing fyn op it folfretten pr...

Lofts feriene?

Wie it jim al opfallen? Der binne hjoed ferkiezings. Juster in debat, de one-liners fleagen wer oer de taffeltsjes, of wat dêr foar trochgean moast. 'Dicht bij de burger blijven.' 'It ear te lústerjen lizze.' 'Koarte linen.' 'Heldere kaders stellen.' 'Goed beleid voor de wijken.' Spuie moatte je derfan. Wat stean dy minsken in ein fan de realiteit ôf. Wijken? Wêr hie dat minske dy oantreffe wollen? Allinnich yn Snits binne der in pear, kinne jim sjen wat aanst prioriteit kriget. Doarpen? 'O ja, die hebben we ook, ergens, geloof ik...' Mar dit sloech alles: 'It wie net fraai, mar no't de trein oankommen is...' Wat foar trein yn de goedichheid? Wa siet efter it stjoer fan dat ding? Dy hie better troch de stopblokken hinneride kinnen en mei gong it Iselmar yn. Fan ûnderen op? Nea wer wat fan heard. De omkomst is leech, sa hearde ik niis. Omrop F. hat al dagen oars gjin nijs as reklamespotsjes foar dizze poppekast. De opk...

Iepen brief oan Robert Veenstra, foarsitter fan SC Hearrenfean.

Achte hear Veenstra, Witte jo wat de haka is? As eks iishockeyman sil dat wol net. Dêrom ha ik hjirûnder in filmke set, kinne jo it sjen. Wêrom? Ik ha in foarstel. The All Blacks binne al jierren ûnferslaanber yn it rugby, dat komt troch de haka. In kriigsdûns fan de Maori. Dat jout sa'n teamgeast, dêr kin gjinien tsjinoan. As jo der no foar soargje dat de sportklub yn de takomst op klompen it fjild opkomt, en in knappe útfiering fan de Skotse Trije op de matte leit? It Abe Lenstrastadion sil nea wer in ferliespartij oanskôgje hoege. Sukses fersekere, echt wier. Freegje dy Nij Seelânners mar.