Posts

Fris.

Ea fan Verchojansk heard? Ik ek net, mar ik ha in núvere gewoante. It is sa dat ik hast alle dagen opsykje wat it kâldste plak op ierde is. Oare minsken ha in hûn, of meitsje har drok oer in ôffreding dy't neffens har te heech is. Ik lies dat de leegste stân fan de termometer yn ús lân ea mjitten -27.4 graden wie. Yn Winterswyk, it jier 1942. No, dêr laitsje se om yn Verchojansk. Niis wie it in mylde min 35, waar om yn in bloeske de dyk op. It is noch mar oktober, no? Nee, kom yn jannewaris mar wer, dan ha we it der nochris oer. Yn 1892 waard in frisse min 69.8 ûnder nul optekene, Sjoch, dan friest it hynste-iis. Neffens ien as oare deskundige wie der twa graden tefolle notearre, toe dan mar. Gemiddeldwei is it yn jannewaris -47 graden yn Verchojansk, in plak oan de rivier de Jana. Nachts komt der noch in graad as wat by. En simmers? Sa rûn de tritich graden, net faak, mar it komt foar. Dat is sa'n 80 graden ferskil, gjin wûnder dat dy Kozakken sa'n taai folkje wie.

Turk, Marokkaan en kroketten.

No't we it dochs oer allochtoanen ha: sa'n tweintich jier lyn barde it folgjende. Oan it begjin fan it libben as wurknimmer bedarje jo op de meast frjemde plakken. Sa ha ik in skoft by in grutte fetsmelter op It Hearrenfean wurke. Margarine ynpakke. Nei in skoft mocht ik ek op de heftruck om pallets it magazyn yn te bringen. Oerdei wie der net folle te rêden, nachts des te mear. Dan begûn it grutte kroketbakken, oant je der mislik en beroerd fan waarden. Oan de rinnende bân stie ik mei in jonge út Rabat, de haadstêd fan Marokko. Syn namme ha ik nea witten, troch it lawaai yn de hal ha ik, neidat er it trije kear sein hie mar knikt, sa fan ik ha it begrepen. Der stienen yn de regel fjouwer pallets, omdat der fjouwer soarten margarine tagelyk fabrisearre waarden. Wy hienen poatoan om it by te hâlden, mar de kroketten makken in soad goed. Hy spruts floeiend Nederlânsk en we hienen de grutste wille. Smoke as plysjes, wylst dat fansels strang ferbean wie. Op in nacht kaam der ien ...

Slampampers.

Foardat ik it ferjit: in moade update. It is hjir al in skoft sa dat opslûpte knapen op de dyk ferskine mei de broek op healwei sânen. Dat om har ûnderguod sjen te litten, en de broek ophysje is wol sa gay hearde ik ien fan dy knapen sizzen. Sa as ik juster al sei binne wy nei de haadstêd west. Omdat we hjir altyd in skoft efteroan komme kin ik eltsenien gerêststelle, we ha it slimste hân. Al dy jonkjes dy't ik dêr rinnen seach: kreas de broek sa as wy dat ek dogge, strak om it gat dus. Komt der dochs mear fatsoen by dy kutmarokkanen en antilianen wei dan dat in soad minsken tinke, sy ha teminsten de broek netsjes oan. Kinne se hjir noch wat fan opstekke.

Spikerjaske.

Hjerstfakânsje, je dogge es wat. In dei nei de haadstêd. Nee, net nei Ljouwert, mar nei de poel fan ferdjêr yn Noard Hollân. Dêr't de reade lampen baarne. No wie it hjoed nochal tsjuster waar, dat it stie wol fleurich doe't we, it spoar in bytsje bjuster, samar oeral reade neonljochten skinen seagen. En fansels de hearlike lucht fan túnkrûden dy't út de gloppen wei waseme. It wie krekt of siet ik wer yn It Brúne Jaske yn Drachten, wêr't it efterste stik fan dy romrofte kroech krekt sa rûkte as Amsterdam op in wiete woansdei yn oktober. It doel wie it Anne Frank hûs, mar de rige foar de doar soarge derfoar dat we yn it ynpakte paleis op de Dam bedarren. No, dat ha we dus besjoen. Ik frege my ôf hoe't se dat eartiids yn de winter waarm krigen. Net, wie it logyske andert. Mei de kont foar in kachel, en as er waarm wie omdraaie, sa sil it gien wêze. O, ja. Foar de jeiers op knappe oanbiedingen: by de Bijenkorf lei in spikerjaske, bernemaatsje. Sa meinimme: € 294.00. ...

KGB?

It aardige oan sa'n bloch is dat je as skriuwer sjen kinne nei de statistiken dêrfan. Hoefolle kear is it besjoen en sa. Mar, je ha der ek in wrâldkaart by, en de lannen dêr't minsken op ien of oare link klikt ha wêrtroch se op dit bloch telâne kaam binne kleurje grien. Meastal is it inkel de spjeldekop Nederlân, mar hjoed wie hast de heale wrâld grien! Der is immen yn Ruslân dy't Frysk lêze kin. Of hy of sy hat de ferkearde side oanklikt, dêr wol ik ôf wêze. It makket wol nijsgjirrich. Wa kin it my fertelle? Komme der ynkoarten KGB mannen yn blyndearre auto's om my op te heljen, of is der immen op staazje yn bygelyks Novosibirsk?

Sluiskil, biljerte en rallyfiskje

Frjemde kop? Ja. Mar dat komt omdat ik striemin opsjitte koe mei myn learaar Bodemkunde. Dy hat der foar soarge dat ik gek bin op trijebannen. It griene lekken yn kafee Van Leer yn Drachten seach ik faker as skema's fan de opbou fan grûnlagen sadat je in produktyf stik greide krigen. Eartiids mocht ik graach fiskje, angeltsje, wjirmke, bearske, datsoarte wurk. Rallyfiskjen ha ik de lol nea fan ynsjoen. As in besetene fisk út de sleat wippe, ik ha sjoen dat se it dêrnei oer it skouder op de dyk smieten en de stomme bisten krepearje lieten. Ik sil it lânsdiel yn it midden litte wêr it folk weikaam dat hjir skynber in aardige dei mei hie. Juster wie ik der klear foar, Sluiskil. Witte jim wêr dat leit? Zeeuws Vlaanderen, in ein ûnder Terneuzen. It grutte trijebannen toernoai. Dat libbet dêr as it keatsen hjir, allinnich foar de doelgroep dus. As sfearympresje earst de dyk mar op om de ynwenners nei har gefoel oer de wedstriid te befreegjen. Ferhip! Dêr sitte in pear bûtendoar, y...

Omrin, Frisia en de tallships.

Je moatte altyd yn kânsen tinke. Gejeuzel fansels, as ien dea ûnder in auto leit ha ik datsoarte profeten noch nea útlizzen sjoen hoe't dat yn sa'n gefal wurket. Mar yn Hârns, och it earme Hârns, ferskuord troch âld en nij sear en bestjoerd troch in rie dy't net hindere wurdt troch ienige foarm fan kennis, soe it wol opgean kinne! Lit dy beide hege hearen fan Omrin en Frisia in kear in bakje kofje meielkoar drinke, sjoch elkoar djip yn de eagen en sis: jonkje, ik pak dy earste twa ton, asto no de lêste twa dochst, ha we se hjir allegearre nochris moai by de poat. We pakke út mei in mânsk parseberjocht: OMRIN EN FRISIA REDDEN TALLSHIPRACE. Free publicity yn optima forma, en as it al net skaakmat is, dan seker wol pat, mar dat is yn Hârns in bekende stân by it skaken.