Posts

HJ Schoo lezing troch Pieter Omtzigt: ‘Net fan de flier op de souder’

Afbeelding
  Op de sosjale media (ja, dat ferhipte, mar tige ynfloedrike en ynformearjende X) kaam ik de link tsjin fan de HJ Schoo lêzing dy’t juster yn Amsterdam útsprutsen waard. Plak fan hanneling: debat sintrum De Rode Hoed, sprekker Pieter Omtzigt. De link stiet ûnderoan dit stikje.   De lêzing duorret in oere en in kertier. Dat is best wol in skoft om de spanningsbôge fêst te hâlden by it gejeuzel fan de gemiddelde politikus, mar Omtzigt is de útsûndering op de regel. Ik ha, omdat ik wol benijd wie nei wat hy te melden hie, fan de need in deugd makke. De fyts út it hok, koptelefoan op en in slach troch it bloedmoaie Fryske plattelân op in hearlike tiisdeitemoarn.   Der wurdt fan Pieter Omtzigt wolris sein dat er labyl wêze soe, net geskikt foar de hurde realiteit fan de Haagse polityk. No, dat is miskien wol sa, mar ik soe jim allegearre oanriede wolle om de lêzing te beharkjen. Jou Omtzigt tiid en romte om syn ferhaal te dwaan en jo begripe folle better wat de man dr...

Links en rjochts

  Links en rjochts   Stadichoan begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom. Sûnt de lêste twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike brallers en razende media/kranten ús leauwe litte.   Mar is dat wol sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal foarbylden taljochtsje.   Ik bin pasifist. Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin ik dan l...

Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)

Afbeelding
It wie hjoed echt waar om in eintsje te fytsen. No ha ik kar út trije soarten. Ien: gewoane fyts, twa: elektryske fyts en trije: racefyts. It leafst pak ik opsje twa, mar ja. Opsje trije, in echte Koga, hinget der mar wat sneu by en kwa kaloryen is dat fansels wol in oanrieder. Meastal liich ik my der wol ûnderút, it waait te hurd, te drok hân en mear fan dy útflechten. Mar hjoed koe ik der as profesjoneel moaiwaar fytser net omhinne, it moast de racefyts wurde. Fytsbroek, shirt, sinnebril, hânskuontjes, flesse wetter, koptelefoan mei Led Zeppelin der op en fuort. Healwei de Burgemeester Falkenawei hjir yn It Feen krige ik it idee dat der wat mei myn rjochter skoech oan de hân wie. Foar de net-fytsers, der sit in soart fan klik systeem ûnder dy skoech, wêrmei’t jo in libbensgefaarlike ferbining mei jo trapers ta stân bringe. Sjoch Youtube der mar op nei, foaral manlju fan boppe de 50 (ik, dus) kinne soms sa fluch net loskomme en miterje dan tige stylfol op de bek. Heup stikken en mea...

Spuit? Do bist in junkie!

Afbeelding
  Myn linker ear siet ticht. Hiel lestich. Jo hearre josels kôgjen en wat der nachts allegearre oan lûden foarby komt, is mei in ear dat ticht sit echt hiel bysûnder. Lokkich wie der yn it kastje fan Klazien uut Zalk noch in earspray. Ik sjoch noait nei hâldberheidsdatums as it op datsoarte guod oankomt, want se binne der altyd fier oerhinne op it stuit dat je se brûke moatte. Ik ha salve út 1999 dy’t noch altyd docht wat er moat as ik him brûk. Earspray dus. Stek yn it ear en druk ien as twa kear. Dat binne by my dus minimaal fjouwer, want it moat al helpe. Nei in heale dei wie ik der sa flau fan, dat ik de douchekop der op setten ha. Gjin resultaat. Dus de folgjende stap soe dan wêze om dokter te beljen.   Op freedtemiddei mei in ear dat ticht sit in dokter berikke. Jo begripe wol dat soks in mission impossible is. Se laitsje jo noch krekt net út, mar in ôfspraak sit der net oan te kommen, sa is it al.   Dus oer nei plan B. Selsbetsjinning. Ik ha meardere kearen...

Friese media voeren koerswijziging door

Afbeelding
  Friese media voeren koerswijziging door   LEEUWARDEN – Het Friese medialandschap gaat op de schop. In een gezamenlijke verklaring brachten de hoofdredacteuren Maarten Pennewaard van de Leeuwarder Courant en Igrid Spijkers van Omrop Fryslân de plannen naar buiten. Belangrijkste wijziging is dat er meer naar nieuws van buiten de stad Leeuwarden zal worden gekeken. Reden is volgens de hoofdredacteuren de sterk afnemende belangstelling voor de twee grootste Friese mediabedrijven. ‘De urgentie om relevant te blijven is daarbij leidend,’ aldus Spijkers. ‘We blijven onszelf continu evalueren en uit de verzamelde data blijkt dat er ook zaken buiten de stad plaatsvinden die door ons opgepikt moeten worden. Dit was voor ons toch wel een eye-opener,’ bekent Pennewaard. De Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân gaven studenten van de Rijksuniversiteit Groningen opdracht om de sterk teruglopende aantallen hits op nieuws van zowel de krant als Omrop te onderzoeken. De conclusies liegen...

'Skip the cow'

Afbeelding
  Dat we yn nuvere tiden libje, mei gjin ferrassing mear wêze. De refleks fan de ûnwissigens uteret him ûnder oare yn de ferûnderstelling dat ‘wy’ ynvestearje moatte soenen yn in nije wapenwedrin, nei foarbyld út de kâlde oarloch. Dy dwaze ferûnderstelling hat ús magazinen fol mei nukleêre bommen opsmiten dy’t gjin inkel woltinkend minske nei Hiroshima en Nagasaki ea wer brûke sil. It is in samling fan eangst, in yn it foar al mislearre foarm fan kontrôle sykje, mar hopeleas oanklaud wêze mei de útkomst fan dat krewearjen.   Efkes synysk: Yntiids is de wrâldbefolking tige goed dwaande himsels ûnmooglik te meitsjen, de oantallen Homo Sapiens sil yn in relatyf koart skoft mei 40% tanimme. Fan 2010 oant 2050 komme der 3 miljard hongerige opfretters by, totaal sille der dan rûchwei 10 miljard op dizze earme ierdbol omstappe/ride/fleane/ite/drinke/konsumearje/sporte/fjochtsje/en net te ferjitten nei in lytse 90 jier wer deagean.   Noch even synysk: Dat liket in hiele s...

Russen

Afbeelding
  Dizze wike wie it twa jier lyn dat de oarloch tusken de twa tige oan elkoar besibbe buorfolken Ruslân en Oekraïne begûn. In oarloch dêr’t je fan alles fan fine kinne en ien dy’t spitich genôch noch wolris jierren duorje kin. It liket wol as is de opsje ‘ûnderhannelje’ noch by net ien opkaam, wylst dat fansels de iennichste wei nei in oplossing is.   Hawar. Der binne inkel ferliezers, útsein in soadsje opportunisten dy’t it kredo ‘never waste a good crisis’ ek dizze kear wer as liifspreuk brûke. De ynternasjonale wrâld hie yn ien klap syn âlde trouwe mienskiplike fijân werom, ‘de Russen’. Lekker oersichtlik, sy binne it kwea en wy binne goed. Dat op de nasjonale Nederlânske TV iepenlik sein wurdt dat nijs yn de westerske media krekt like goed yn in bepaalde ‘winsklike rjochting’ stjoerd wurdt as dat se dat fan út it Kremlin dogge, it binne mar rimpels yn de fiver fan de oertsjûging dat wy it morele stopjern útfûn ha.   Tink hjir ris oer nei: Se ha der sels in wur...