HJ Schoo lezing troch Pieter Omtzigt: ‘Net fan de flier op de souder’

 Op de sosjale media (ja, dat ferhipte, mar tige ynfloedrike en ynformearjende X) kaam ik de link tsjin fan de HJ Schoo lêzing dy’t juster yn Amsterdam útsprutsen waard. Plak fan hanneling: debat sintrum De Rode Hoed, sprekker Pieter Omtzigt. De link stiet ûnderoan dit stikje.

 

De lêzing duorret in oere en in kertier. Dat is best wol in skoft om de spanningsbôge fêst te hâlden by it gejeuzel fan de gemiddelde politikus, mar Omtzigt is de útsûndering op de regel. Ik ha, omdat ik wol benijd wie nei wat hy te melden hie, fan de need in deugd makke. De fyts út it hok, koptelefoan op en in slach troch it bloedmoaie Fryske plattelân op in hearlike tiisdeitemoarn.

 

Der wurdt fan Pieter Omtzigt wolris sein dat er labyl wêze soe, net geskikt foar de hurde realiteit fan de Haagse polityk. No, dat is miskien wol sa, mar ik soe jim allegearre oanriede wolle om de lêzing te beharkjen. Jou Omtzigt tiid en romte om syn ferhaal te dwaan en jo begripe folle better wat de man driuwt. Want hy is fansels al jierrenlang in roppende yn de politike woastyn mei syn striid tsjin de ynstituten.

 

Yn dizze lêzing beheinde hy him ta trije haadtema’s (húsfesting, ûnderwiis en ymmigraasje). Net in rjochtstreeks op de man/frou rjochte ferhaal, mar in opsomming fan wat der yn de rin fan de tiid ferkeard gien is en hokker oplossings dêrfoar binne. Hiel helder en dochs wol konfrontearjend leit hy út dat de koers fan de polityk nedich bystjoerd wurde moat. Om de wenningneed te bestriden, de grutte needsaak fan goed ûnderwiis en dat der wol deeglik eigen Nederlânske wegen binne om ôf te wiken fan opleine Europeeske regels, dêr’t (ek Fryske) ministers yn de kabinetten Rutte har sa lekker efter ferskûlen. It draait om de wil it oars te dwaan. En dat soks nedich is leit Omtzigt út mei sifers. In stream oan data, want lit hy wêze wa’t er is, dat behearsket hy better as hokker 2e Keamerlid dan ek. 

 

De waan fan de dei, de safolste tweet mei in oanfal op besluten fan dit kabinet, it elkoar alle dagen de swarte pyt taspylje, it binne saken dy’t neffens Omtzigt op grutte ôfstân steane fan wat wêzentlik fan belang is. It betrouwen fan Nederlanners yn in belutsen oerheid werom krije. Sels de rezjy foar in part werom helje út Brussel nei den Haag. Oplossings foar fraachstikken dêr’t de oerheid freeslik yn tekoart sjitten hat net allinnich betinke, mar se ek útfiere. Soks kin net yn in dei, in wike of sels in jier. Je kinne, sa as in Fryske siswize hiel moai útleit, no ienris net fan de flier op de souder springe.

 

It moaiste fan syn ferhaal wie dat hy, krekt as ik, https://stikelstekker.blogspot.com/2024/06/links-en-rjochts.html fynt dat it âlderwetske tinken yn links en rjochts kompleet achterhelle is. Of, sa’t hy it sei: ‘... dan hebben jullie er helemaal niks van begrepen.’

 

No sa. En ik hear guon jittikmigers al wer roppen fan dit en fan dat, no, nee. Ik ha net op NSC stimd. Mar as immen in goed útwurke ferhaal hat, is it net mear as normaal dat je dêr op wize meie. Ik ried jim oan om in oere en in kertier tiid frij te meitsjen. Tige de muoite wurdich.

 

Dit is de link:



Reacties

  1. Investment is one of the best ways to achieve financial freedom. For a beginner there are so many challenges you face. It's hard to know how to get started. Trading on the Cryptocurrency market has really been a life changer for me. I almost gave up on crypto at some point not until saw a recommendation on Elon musk successfully success story and I got a proficient trader/broker Mr Bernie Doran , he gave me all the information required to succeed in trading. I made more profit than I could ever imagine. I'm not here to converse much but to share my testimony; I have made total profit returns of $20,500 from an investment of just $2000 within 1 week. Thanks to Mr Bernie I'm really grateful,I have been able to make a great returns trading with his signals and strategies .I urge anyone interested in INVESTMENT to take bold step in investing in the Cryptocurrency Market, he can also help you recover your lost funds, you can reach him on WhatsApp : +1(424) 285-0682 or his Gmail : BERNIEDORANSIGNALS@GMAIL.COM tell him I referred you








    Yn dizze lêzing beheinde hy him ta trije haadtema’s (húsfesting, ûnderwiis en ymmigraasje). Net in rjochtstreeks op de man/frou rjochte ferhaal, mar in opsomming fan wat der yn de rin fan de tiid ferkeard gien is en hokker oplossings dêrfoar binne. Hiel helder en dochs wol konfrontearjend leit hy út dat de koers fan de polityk nedich bystjoerd wurde moat. Om de wenningneed te bestriden, de grutte needsaak fan goed ûnderwiis en dat der wol deeglik eigen Nederlânske wegen binne om ôf te wiken fan opleine Europeeske regels, dêr’t (ek Fryske) ministers yn de kabinetten Rutte har sa lekker efter ferskûlen. It draait om de wil it oars te dwaan. En dat soks nedich is leit Omtzigt út mei sifers. In stream oan data, want lit hy wêze wa’t er is, dat behearsket hy better as hokker 2e Keamerlid dan ek.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Russen