Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)

It wie hjoed echt waar om in eintsje te fytsen. No ha ik kar út trije soarten. Ien: gewoane fyts, twa: elektryske fyts en trije: racefyts. It leafst pak ik opsje twa, mar ja. Opsje trije, in echte Koga, hinget der mar wat sneu by en kwa kaloryen is dat fansels wol in oanrieder. Meastal liich ik my der wol ûnderút, it waait te hurd, te drok hân en mear fan dy útflechten. Mar hjoed koe ik der as profesjoneel moaiwaar fytser net omhinne, it moast de racefyts wurde.

Fytsbroek, shirt, sinnebril, hânskuontjes, flesse wetter, koptelefoan mei Led Zeppelin der op en fuort. Healwei de Burgemeester Falkenawei hjir yn It Feen krige ik it idee dat der wat mei myn rjochter skoech oan de hân wie. Foar de net-fytsers, der sit in soart fan klik systeem ûnder dy skoech, wêrmei’t jo in libbensgefaarlike ferbining mei jo trapers ta stân bringe. Sjoch Youtube der mar op nei, foaral manlju fan boppe de 50 (ik, dus) kinne soms sa fluch net loskomme en miterje dan tige stylfol op de bek. Heup stikken en mear fan dat fraais. Hawar, myn rjochter skoech fertoande frjemde meneuvels. Koartsein: Ik koe myn foet net los fan de traper krije. Lokkich die de linker it wol en stie ik te wrotten mei de rjochter, sûnder resultaat. Ik ha de foet mar út de skoech dien en bin op ien skoech en ien sok nei in fytswinkel stroffele. Dêr wienen se och sa freonlik, mar in passende oplossing wie der net. Ik waard trochferwiisd nei Aldehaske. Op myn fraach hoe’t ik dêr dan komme moast wie it antwurd: ‘Poat yn de skoech dwaan en net stopje oan’t datst der bist.’

No bin ik net fan de benaude, mar as Zzp’er wit ik wol dat ik nei de Pinksterdagen gewoan wer oan it wurk moat. Dus ha ik de ôfstân tusken de fytswinkel yn It Feen en dy yn Aldehaske mei de foet op de stikkene skoech ôflein. In pracht gesicht moat it west ha, mar dat is dan mar sa. By Haico Bouma (de âld maraton reedrider) syn prachtige winkel seagen se healwei de middei in man fan boppe de 50 op ien skoech en ien sok yn te strak sittende fytsklean nei binnen kommen, mar nimmen ferblikke. De skoech, dy’t muorrefêst op de traper siet en trochdraaide as je him los klikke woenen, waard as ‘overleden’ bestimpele. Ik ha nije skuon fan Haico kocht en de monteur hat de plaatsjes der ûnder setten. Op sneon, kom dêr ergens oars mar ris om. Ik seach in moaie drinkflesse mei Fryske flagge patroan en dy krige ik der by. Mar dat wie noch net alles. Myn nije skuon ha in pear oranje aksinten, krekt as myn Koga. Ien dissonant, it sadel is read. ‘Dat kan niet,’ sei de monteur fêstberet.

‘Do hast gelyk,’ sei Haico. ‘Wy sponsorje dy even.’

Ha ik dus samar ek noch in bypassend sadel op myn Koga en, wichtiger, ik ha it der sûnder ûngemakken fanôf brocht. 




 

Moraal fan dit ferhaal is twaliddich.

 

Ien: goede service en fleurige minsken dy’t mei nocht oan it wurk binne bestean noch. Tank, Haico Bouma en syn team.

 

Twa: Lige helpt net mear, der moat fytst wurde dizze simmer.          

Reacties

  1. Geweldich en hilarysk ferhaal! Ik bin al jierren ferlyn ophâlden mei it kliksysteem. My te gefaarlik.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Russen

Links en rjochts