Posts

2011 en de Javaanske Jonges.

It wie my it jier wol. Twitterje, blogge, pinge, Facebook, ik wit net iens hoe't it allegearre hjit. En fansels myn earste roman, dat wie wol hiel bysûnder. Mei Riek en de hearen fan Ferbean op paad, dat hie ik in jier as wat lyn net tinke kinnen. En tusken de bedriuwen troch ek noch skriuwe, foarsafier't it woe troch alle drokte. 2011? Sjogge we wol, ien ding is wis, alteast neffens in dûmny út Drachten, we binne jûn nei tolve oere oan de lêste 25 jier begûn. Sukses dermei soe ik sizze! 25 kear 365 is 9125 dagen. Soe ik no noch ophâlde moatte mei smoken? Of soe it te weagjen wêze en doch mar wat troch? As ik Orlando in kear tsjinkom sil ik it him freegje.

Natuer?

De freoneklup fan de blomkes en de bijen, ek wol aksjegroep foar de bisten neamd, want in partij mei mar ien wichtich tema is gjin partij, lit wer fan him hearre. It poadium LC jout al jierren guon fan dy fanatike klup in soad romte om al har wrâldfrjemde stânpunten oangeande de natuer te publisearjen. Lit ik foaropstelle dat, en dat is ek daliks it haadpunt, we hjir yn Nederlân gjin natuer mear ha. It binne troch minsken oanleine parkjes, en de rest is boerelân. No is it sa mei túntsjes dat se ûnderhâld nedich ha. En dat hâld net op mei snoeien, dêr heard ek it behear fan predatoaren by. Eltse gek dy't in bytsje mear ferstân fan it fjild hat dan de minsken dy't altyd yn de krante skriuwe, de swijende mearderhyd, sjocht dat der fierstentefolle predatoaren binne. Doe't ik lyts wie, wie it in útsûndering as ik in mûzebiter of in foks seach. No rinne de foksen op klearljochte dei it Kritebosk út en skarrelje as makke hûnen oer de hiemen, op syk nei fretten. Dat komt omdat se a...

It soe kinne.

Ik soe wat sizze kinne oer it karbidsjitten yn Ternaard, ik soe wat sizze kinne oer de plysjesteat Nederlân dy't stadichoan foarm kriget, ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't de keninginne te kak set, ik soe wat sizze kinne oer Wilders dy't Cohen te kak set, ik soe wat sizze kinne oer Cohen dy't Wilders op de fingers tikke, ik soe wat sizze kinne oer in premier dy't net wit wat er mei de rotsoai oan moat, ik soe wat sizze kinne oer ús Dútske paus of syn Belgyske biskoppen, ik soe wat sizze kinne oer berneopfang, ik soe wat sizze kinne oer Tibet, ik soe wat sizze kinne oer Hugh Hefner, ik soe wat sizze kinne oer it oantal kearen dat der mei de pin betelle is, ik soe wat sizze kinne oer in feestje fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten) op ús kosten, ik soe wat sizze kinne oer in manifestaasje dy't fansels wer yn Amsterdam hâlden wurdt, ik soe wat sizze kinne oer dy ynbrekker mei krystspyt, ik soe sels wat oer Wesley en Yolanthe sizze...

In gewoane kryst...?

Wekker wurde, kreaze klean oan, preek, kâlde fuotten, kofje, ite, ein te rinnen yn de bosk, pake en beppe, tuskentoch hearre dat immen dy't je goed kenne longkanker hat, rummicub, stikje bôle mei oerbleaune rollade, bakje tee, gleske wyn mei wat der by, neat op tillevyzje, kearsen út en mar op bêd, wekker wurde, kreaze klean oan, kofje, bôle ite, tee, eintsje rinne?, goermette, pake en beppe, nei hûs, tee, gleske wyn mei net te folle lekkers, neat op tillevyzje, kearsen út en mar op bêd. As je it sa lêze kin it net oars of je fine dat der in negative yntonaasje yn sit. Mar dat is net sa, ik ha der bewust gjin noflik, gesellich, goed, lekker ensafh. tusken set. Dan bliuwt dat der dus fan oer. Mei oare wurden: je moatte der sels wat fan meitsje.  

Ferbiningen.

Hè, dat wie my efkes skrikke! De hotline mei de server lei der út. Gjin tillefoan, gjin Nieuwsuur, gjin ynternet, en dat flak foar de krystdagen. Net bêst. Nei in oere beljen mei in knaap yn it callsintrum fan de UPC kamen we ta de konklúsje dat der mar in monteur komme moast. Nije wike freed, op âldjiersdei, ien oere de middeis, dan koe it heve. Wat is der mis mei moarn, tocht ik noch, mar sa wurket it dus net. Mar ik bin dwers, dat nei in oantal keunstgrepen floepte my de iGoogle startside der wer foar. No de monteur noch ôfbelje, mar dat kin nije wike noch wol. Freed mar, tocht ik sa. In oere as tôlve? Wol aardich dat nei fjouwer kear it modem opnij opstarten te hawwen de ferbining gâns rapper is, elk nadeel...

Harry Otten? Nee lit mar.

Sa, dat wie myn bloch foar hjoed, alles wat je hjir mear oer sizze is oerstallich.

Mark of Geert?

Och heden, no wol de earste keamer Mark derby helje. Se hienen better Geert útnoegje kinnen, want dy hie harren fertelle kinnen wêrom't se gjin alternatyf fine wolle foar de BTW plannen op kaartsjes foar kultuer. Geert hie dan sein: ik ha de lêste wiken al genôch oer my hinne krigen, en dit is in slach ûnder de gurdle dy't ik al sa lang útdiele wollen ha, dêr komme jim net oan, steltsje âlde deminte senators. As Geert hjir ek noch foar omlizzen giet kin er better mar wer yn de opposysjebankjes sitten gean. Hy kin net oars as no de poat stiif hâlde, al falt it heale kulturele wrâldsje ek oer him hinne. Gesichtsferlies is by minsken yn publike funksjes blykber not done, better is: trochdramme mei de wittenskip dat it einliks nearne op slacht. Rûnom binne de foarbylden te sjen. En as it net oars kin? Liich der mar in ein hinne, as it útkomt kinne je altyd noch sizze dat de 'ferpakking net goed wie', om in deputearre te sitearjen. En dan rêstich de fjouwer jier fol...