Posts

Ferwizing

Foar myn bloch fan hjoed ferwiis ik jim nei de Ljouwerter krante. Side 5.

Keith Rupert Murdoch, de deastek foar it fuotbal

Naar verwachting zal de mediamagnaat de zender Eredivisie Live, die vooralsnog ook die naam behoudt, uit gaan bouwen naar Amerikaans model met show en entertainment voorop.(VI) De Eredivisie hat harsels ferkocht foar ien miljard euro. En nei it lêzen fan it boppesteande bin ik bang dat dit it begjin fan de ein is fan de nobele fuotbalsport dêr't wy grut mei wurden binne. Cheerleaders, in rige René van der Gijp eftige clowns, boemboem muzyk en in berch reklame foar Murdoch donearders. Ik wit net oft jim wolris in Amearikaanske footbalmatch sjoen ha? Dêr wurde je as leafhawwer fan it keale spultsje net bliid fan, omdat it dêr al lang net mear oer giet. It giet oer de beurs fan in 81 jierrige Australier dy't no foar in perioade fan tolve jier wol efkes sjen litte sil hoe't je finansjeel tige goed buorkje kinne. No, lokwinske. De dûnsskoallen om It Feen hinne wriuwe har al yn 'e hannen. Alle fammen wolle aanst wol meidwaan yn de grutte Keith Rupert Murdoch show. Reklame...

Op besite by pake en beppe

Afbeelding
Ien kear yn it jier gean ik efkes by pake en beppe op besite . Net dat der in soad praat oan sit, want pake rekke al yn 1979 wei, en beppe moast yn 1992 belies jaan. It is ek in hiele optocht, want se binne yn Aldegea (Hemelumer Oldeferd) te hôf brocht. Soks is dus moai te kombinearjen as je nei de Wâlde tôgje om nei it skûtsjesilen te sjen. Ferline jier hie ik my al foar naam om de stiennen efkes skjin te meitsjen. Net dat it hôf der suterich by leit, nee, it is sa kreas as wat. Mar de letters waarden wat grien, en ik ha it guod om dat op te lossen. Ik tink dat ik hast de iennichste bin dy't by dy grêven komt. Ik ha der noch nea in blomke sjoen, teminsten. Hindert neat, want wat fine jo eins op sa'n hôf? Njonken de stien fan Pake Ferdinand en beppe Hinke noch in oantal bekende nammen. Aldomkes en tante's dy't ik miskien ien kear sjoen ha. De namme Keulen en Van der Wal komt in kear as wat foar op de monuminten. Pake Ferdinand ken ik noch as de man efter de krante...

Usain Bolt kin ûnder de njoggen tellen rinne

Afbeelding
  9.63. Samar in sifer. It wie it wachtsjen wurdich, justerjûn. De olympyske spullen begjinne pas as de atletyk begjint. En ien fan de moaiste ûnderdielen is de 100 meter sprint. De show der om hinne, no ja, it binne op har eigen wize allegearre stoaterske hoantsjes dy't ien kear yn de fjouwer jier in wrâldwiid poadium ha, dus dat nimme wy der mar by, mar it giet om dy sprint. En it gie der om wei. Se sizze dat de 100 meter nea ûnder de 9 tellen rûn wurde sil, omdat it lichem dat net ha kin. De spieren soenen los skuorre fan de bonken. Usain Bolt die it juster yn 9.63. Stel no, dat de spullen op hichte west wienen. Londen leit op seenivo, mar Bob Beamon sprong yn 1968 yn Mexico-city 8.90, in ôfstân dy't sawat 23(!) jier stean bleaun is. Dat koe omdat de lucht dêr tinner is. Mexico-city leit op 2240 meter hichte. It gemak wêrmei't de lange man fan Jamaica juster 9.63 delsette? Ik wit it net. Op de hichte fan Mexico-city soe er al gau in heale tel flugger west ha. Dan...

Simone Scheffer: 'Rotwiif mei in grutte bek' ?

Yn it programma op de radio rûnom it skûtsjesilen kaam in fraach fia in sms'ke. De fraach wie oft de steller gelyk hie as er de yndruk hie dat der minder minsken op it silen ôfkamen. Dêr waard nochal flot oerhinne praten troch Klaas Jansma. Ik koe juster net yn Starum wêze, en ha dus net sjoen hoefolle folk op de dyk siet. Mar ik seach op 'e Feanhoop, yn Terherne en yn Langwar, op it plak dêr't wy sieten, yndie minder minsken as wol west hat. Ik tink dat de fraach dus wol wat mear oandacht fertsjinne hie. Juster siet de famylje Van der Meulen yn it skûtsjesjoernaal. Teake en de hjoeddeistige skipper hienen wol wat te fertellen. Foaral oer hoe't Wâldsein in kear kampioen wurden is yn de lêste wedstriid op de Snitsermar. Jammer, mar helaas. Wy mochten it net hearre. Simone Scheffer, de troch immen út myn neiste omjouwing steefêst as 'rotwiif mei in grutte bek' oantsjutten presintatrise, liet der gjin gers oer groeie. Wêroer net? No, dat se gjin klap ferstân fa...

[3FM Pinkpop 2011] Foo Fighters - Everlong

Afbeelding
Efkes ien fan de bêste rocksongs fan de lêste jierren, tocht ik sa. Yes, it's time to dance! Let foaral op de loeistrakke drummer.

Minsken mei earkes

Twa dagen gjin bloch, it is net bêst. Komt grif omdat ik djip yn it ferwurkingsproces sit fan it feit dat de nije formule by it skûtsjesilen alle skûtsjes útsein twa goed docht. Sizze se. Ik tinke dat Húzum en It Feen der justjes oars oer tinke. Hawar, wy moatte it oer wichtiger saken ha. Sjogge jim se wolris fytsen en draven? De minsken mei de earkes? Se binne wat wrâldfrjemd, want se libje yn harren eigen sône. En guon rinne soks op. Wurde oanriden omdat se gjin idee ha wat der om harren hinne oan de hân is. Hearre gjin fûgels, heechút dy fan Die Twa. In gefaar op de dyk, de minsken mei de earkes. Om fierdere ûngemakken te foarkommen soe ik Sander de Rouwe freegje wolle om daliks in útstel yn te tsjinjen om dit bedjêr te ferbieden. Docht er ek nochris 'goed wurk'. Alhoewol't ik tink dat er dy slogan grif net brûke sil. Ik mei graach de boel mei de gek beslaan, mar yn dit gefal is dat net sa. Dy muzyk soarget foar deaden. Daliks ferbiede.