Usain Bolt kin ûnder de njoggen tellen rinne

 

9.63. Samar in sifer.

It wie it wachtsjen wurdich, justerjûn. De olympyske spullen begjinne pas as de atletyk begjint. En ien fan de moaiste ûnderdielen is de 100 meter sprint. De show der om hinne, no ja, it binne op har eigen wize allegearre stoaterske hoantsjes dy't ien kear yn de fjouwer jier in wrâldwiid poadium ha, dus dat nimme wy der mar by, mar it giet om dy sprint. En it gie der om wei.

Se sizze dat de 100 meter nea ûnder de 9 tellen rûn wurde sil, omdat it lichem dat net ha kin. De spieren soenen los skuorre fan de bonken. Usain Bolt die it juster yn 9.63. Stel no, dat de spullen op hichte west wienen. Londen leit op seenivo, mar Bob Beamon sprong yn 1968 yn Mexico-city 8.90, in ôfstân dy't sawat 23(!) jier stean bleaun is. Dat koe omdat de lucht dêr tinner is. Mexico-city leit op 2240 meter hichte.

It gemak wêrmei't de lange man fan Jamaica juster 9.63 delsette? Ik wit it net. Op de hichte fan Mexico-city soe er al gau in heale tel flugger west ha. Dan noch wat ekstra gember, en de njoggen tellen lykje my te sljochtsjen. No mar hoopje dat er clean bliuwt, want Bolt is in sieraad foar it sprinten.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts