Simone Scheffer: 'Rotwiif mei in grutte bek' ?

Yn it programma op de radio rûnom it skûtsjesilen kaam in fraach fia in sms'ke. De fraach wie oft de steller gelyk hie as er de yndruk hie dat der minder minsken op it silen ôfkamen. Dêr waard nochal flot oerhinne praten troch Klaas Jansma. Ik koe juster net yn Starum wêze, en ha dus net sjoen hoefolle folk op de dyk siet. Mar ik seach op 'e Feanhoop, yn Terherne en yn Langwar, op it plak dêr't wy sieten, yndie minder minsken as wol west hat. Ik tink dat de fraach dus wol wat mear oandacht fertsjinne hie.

Juster siet de famylje Van der Meulen yn it skûtsjesjoernaal. Teake en de hjoeddeistige skipper hienen wol wat te fertellen. Foaral oer hoe't Wâldsein in kear kampioen wurden is yn de lêste wedstriid op de Snitsermar.

Jammer, mar helaas. Wy mochten it net hearre. Simone Scheffer, de troch immen út myn neiste omjouwing steefêst as 'rotwiif mei in grutte bek' oantsjutten presintatrise, liet der gjin gers oer groeie. Wêroer net? No, dat se gjin klap ferstân fan silen hat, en dat troch der daliks oerhinne te razen besocht te kompensearjen. Want de diva fan Omrop Fryslân kin by it gros fan de minsken gjin ferkeard dwaan.
It smiet in show op dy't beskamsum wie. De Van der Meulens woenen wol, mar djipte en Simone pasten juster net byelkoar.

Wat is it dan in genot om jûns in fakman as Mart Smeets oan it wurk te sjen. Alle negative berjochten oer him ha mar ien grûnslach: Se binne allegearre sa jaloersk as in kat op hoe't hy syn programma makket ta wat it is.

Reacties

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts