Keith Rupert Murdoch, de deastek foar it fuotbal
Naar verwachting zal de mediamagnaat de zender Eredivisie Live, die vooralsnog ook die naam behoudt, uit gaan bouwen naar Amerikaans model met show en entertainment voorop.(VI)
De Eredivisie hat harsels ferkocht foar ien miljard euro. En nei it lêzen fan it boppesteande bin ik bang dat dit it begjin fan de ein is fan de nobele fuotbalsport dêr't wy grut mei wurden binne. Cheerleaders, in rige René van der Gijp eftige clowns, boemboem muzyk en in berch reklame foar Murdoch donearders.
Ik wit net oft jim wolris in Amearikaanske footbalmatch sjoen ha? Dêr wurde je as leafhawwer fan it keale spultsje net bliid fan, omdat it dêr al lang net mear oer giet. It giet oer de beurs fan in 81 jierrige Australier dy't no foar in perioade fan tolve jier wol efkes sjen litte sil hoe't je finansjeel tige goed buorkje kinne. No, lokwinske. De dûnsskoallen om It Feen hinne wriuwe har al yn 'e hannen. Alle fammen wolle aanst wol meidwaan yn de grutte Keith Rupert Murdoch show. Reklameblokken plenty om de heupen ris flink los te meitsjen.
De veramearikanisearing fan ús lân giet yn rap tempo, de foarsitter fan It Feen sil grif tinke dat er in topdeal mei bekokstove hat. 'We gaan iets nieuws doen.' Witte jim dizze legendaryske útspraak fan Jos Staatsen noch?
It sport7 kanaal is nea wat wurden. Eredivielive hat ek fierstente min klanten.
Mei ik hjir en no de hoop útsprekke dat it Nederlânske folk har wichtichste eigenskip trou bliuwt? Wy binne sa sunich as de mieren, en as de balskopperij oer in jier as twa kompleet efter de decoder sit, hoopje ik dat de hiele rotsoai nei de ratsmodee giet. Gjin sjoggers, gjin reklame en âlde Murdoch sil de holle ek wolris dellizze, soe it net? Dan komme der grif in pear gewykste managers dy't daliks dat Nederlânske kanaal mei ferlies fan de hân dogge. Kinne se wer wat nijs dwaan.
Mar in topdeal, hear, dy deastek foar it fuotbal. Toppiejoppie.

Reacties
Een reactie posten