Op besite by pake en beppe
Ien kear yn it jier gean ik efkes by pake en beppe op besite . Net dat der in soad praat oan sit, want pake rekke al yn 1979 wei, en beppe moast yn 1992 belies jaan.
It is ek in hiele optocht, want se binne yn Aldegea (Hemelumer Oldeferd) te hôf brocht. Soks is dus moai te kombinearjen as je nei de Wâlde tôgje om nei it skûtsjesilen te sjen. Ferline jier hie ik my al foar naam om de stiennen efkes skjin te meitsjen. Net dat it hôf der suterich by leit, nee, it is sa kreas as wat. Mar de letters waarden wat grien, en ik ha it guod om dat op te lossen. Ik tink dat ik hast de iennichste bin dy't by dy grêven komt. Ik ha der noch nea in blomke sjoen, teminsten.
Hindert neat, want wat fine jo eins op sa'n hôf? Njonken de stien fan Pake Ferdinand en beppe Hinke noch in oantal bekende nammen. Aldomkes en tante's dy't ik miskien ien kear sjoen ha. De namme Keulen en Van der Wal komt in kear as wat foar op de monuminten.
Pake Ferdinand ken ik noch as de man efter de krante. As it te mâl gie of as er earne mei ynstimde, liet er him efkes sakje en kipe oer de Ljouwerter hinne. Beppe bekke oan ien wei troch. Doe't pake der net mear wie, bedarre se yn Herema State op It Feen. Dêr bin ik in soad by har west. Se siet altyd strategysk opsteld, sadat je har eins nea oer it mad kamen.
Ien fan de útspraken dy't ik myn libben lang net ferjitte sil is har begroeting as se my oankommen sjoen hie. 'Ha, jonge, bist op 'e snelkoker?' (lês racefyts)
Foar de famylje: de letters binne wer moai skjin, al sis ik it sels. Fakmantsje, no?

Reacties
Een reactie posten