Posts

En no IK!!!

Afbeelding
Ha jim ek mei niget de foarside fan de LC besjoen? Einliks hie er it klear. Gjin geëamel oer iis, âlve stêden en al hielendal gjin praat oer Wieling. No ik! Gemeenteried? Neat mei te meitsjen, it is no of net! Sa stie it yn de stjerren skreaun. In klasse mei learplichtige bern út de skoalbanken reage, 'Hjir komme, blinder! Plantsje!'. De winter wie lang, mar hy hat it foarelkoar. Lokwinske! Miskien de oare kear in wat fleuriger sjaal omdwaan, dat grize sprekt net sa ta de ferbylding. Mar foar it oare: dizze is foar jo!

Fine-tuning

Blinder, se evaluearje yngreven dêr op de Bûterhoeke. Dat mei ik lije. Trochstrings hat in gemiddelde ynwenner fan Fryslân der gjin jota fan wat dêr allegearre besprutsen wurdt efter de muorren fan it senuwsintrum fan de skriuwerij yn de provinsje. No, ik dus wol. En ik moat sizze dat se gjin heal wurk leverje, Oppewal en konsorten, haha! Werklik minsken, it is fakwurk mei in haadletter F. En se heakje op in prima wize yn op de aktualiteit. Alle hoeken en einen komme oan bar. En dêr bliuwt it net by, nee, der wurdt ek noch neisoarch levere oan wrakseljende, knoffelige knurften lykas my. Opbouwende stikken fia de mail komme op my ta fleanen. Dat alles om it hegere doel te tsjinjen: de skriuwerij yn al syn fasetten ta grutte hichten op te driuwen. Dizze kear kaam it del op in wiidweidige stúdzje nei it lizzende wurk. Ik stel my foar dat der drok yn de kofjekopkes omreage waard, doe't it ûnderwerp op tafel kaam. It sjueryrapport der by, en alle kunde oangeande de matearje út de kast...

Gjin besite, gjin blommen

Moarn is it wer ris safier. Ien kear yn it jier komt je dat oer. IJs en weder dienende sil it foar my de 43e kear wurde. It falt my op dat it hast net mear yn letters te skriuwen is. Trijeenfjirtichste? Gjin gesicht. Dat treft, want ik sjoch der ek net út. Myn noas is stikkensnuten, dat sil fêst gjin geef Frysk wurd wêze, mar jim snappe it wol. Dus komt it moai út dat ik it drok ha, in pear dagen ekstra om de saak wat yn de ploai te krijen. Junior sei sa slûchslim dat ik ferline jier ek ferkâlden wie mei myn jierdei. Yngreven ûndersyk hat opsmiten dat se gelyk hat. Neffens my bin ik dêrnei net wer heal west, dus in gemiddelde fan ien kear yn it jier, dat koe minder. Eartiids, doe't ik noch yn de ploegentsjinst siet, wie dat gâns heger. It skynt dat ik no yn in dei as fiif genôch antystoffen byelkoar garje om der in jier tsjinoan te kinnen. Hiel stadich begjint it skroeierke wer te smeitsjen, dat is in wichtich ûnderdiel fan wêr't je yn it herstelproses sitte. O, ja. Foar de ...

Boppeslach

Genôch om oer te skriuwen, hjoed. Cohen fuort. Populisme wint fan it fatsoen. In misferstân oangeande it ferstjoeren fan in berjocht oan de parse by de gemeente. Hè? In dirigint dy't yn it harnas omfalt. Tsja... Sven en Ireen. Marginale sport, ik sis it net graach, mar it is wol sa. Keukenrol as wetterstoppe yn de noas. Sit net ien op te wachtsjen. Nee, lit my ris lekker in iepen doar yntraapje. Soms ha je dat nedich. Maklik skoare. Komt ie!!! Ha jim hjoed ek nei Boppeslach sjoen? It sportprogram op ús Omrop? Simone mocht it oanelkoar prate. Fan Dennebomen oant Cambuurferliezen. En Simone seach strak. Want ja. Dit nijs is eins gjin nijs. It echte nijs op sportmêd spilet him DKV ôf. Yn It Feen. Mar ja. Dy ha in supermerkfoarsitter, dy't de klup, lykas de foarrige direksje 'vermarkt', en yn dat plaatsje past de Omrop net (lês jild). Komt by dat Veenstra not on speaking terms is mei de redaksje. No kin ik my dêr wol wat by foarstelle. Wa't de langste teannen ...

De Ferkâlden Fries

Mei tank oan myn webmaster (lês dochter, gjin digibeet lykas ik) in oar kleurke op de Stikelstekker-side. En sy kin ek goed mei foto's omgrieme, sa't jimme rjochts boppe-oan sjen kinne. It heazet my yn de kiel, en dat soarget daliks foar stres. Freeslike senuwlijer as ik bin, komt der in skala oan oplossings op it kleed. De pot mei sâlte drop wurdt plundere, ik tink nei oer in heale liter krûdedrank út Boalsert en sykje op ynternet om in foardielpak Codeine. Boppedat hat immen ea tsjin my sein dat je dan stoef smoke moatte, omdat reek slym oplost. Dus ik doch myn bêst. It is mei ôfstân de grutste ergernis dy't der is. Ferkâlden. In goede Fries is altyd ferkâlden? Krij mar moai de hik, dan bin ik wol in Drint. In drama. It wetter rint my ta de earen út, en de sfear yn hûs knapt der faak net fan op. Sil wol yn de famylje sitte. Myn pake bygelyks. As dy prûste moast, sette er sa ta, dat de heale Streek yn Sint Jut tsjin it plafon stuitere, sa'n leven. En je seagen it ne...

Rink van der Velde sjuery-rapport ûnderskiten

Afbeelding
Ik ha plakferfangende skamte. Dit soe in bliid blochje wurde oer Oepke en Sukkeltsje. Dy steane hjirûnder op de foto. Ik hie se Karen en Symen neame wollen, mar as jimme dizze bloch lêzen ha, snappe jim wol dat ik soks net mear oandoar. Mea culpa, it spyt my, it is in skande, mar ik koe der neat oan dwaan. Se binne oars wol leaf, fine jim ek net?   Goed, wat is it gefal? Dizze beide hapsnurkers binne as kampioenen út it aai krûpen op de wrâld kaam. Foar insiders is te sjen dat lofts in wytweiten hoanne is, rjochts in gielwytweiten hin. As jim no noch efkes goed nei de foto sjogge, is goed wier te nimmen dat Sukkeltsje daliks mar in knappe bult op myn buro skiten hat. Hawar, keukenpapier by de rûs. Mar no komt it slimste stik fan it ferhaal. Oepke miende dat er net efterbliuwe koe. Sa as guon fan jim miskien witte, ha ik dizze wike in beskieden priis wûn . Dêr siet in kreas sjuery-rapport by. Ja, jim fiele it al oankommen, dat leit hjir foar my. Omdat ik fansels tige ...

PIIIIP!!!

PIIIIIIP!!!! Dat hear ik om de pear tellen. Ik wit dat der op de klaai bot meilibbe wurdt, dus efkes in updeet oer de aaien. Moarn lizze se der trije wiken yn, mar omdat se doe stienkâld wienen, soe it samar in dei langer duorje kinne foardat se útkomme. Mar de earste twa binne oanpikt. Wol daliks wer frijwat kloaterich, dizze pyk sil ekstra wurk ha om it op te rêden. Hy leit ferkeard om, soenen we by in ko sizze. Efkes útlizze: in aai hat in puntige kant en in stompenien. As it goed is, pikt sa'n pyk oan de stompe kant it aai oan. Dêr hat er de romte om derút te krûpen. Dit slûchslimme eksimplaar sil him troch in trachter wrotte moatte. Ik bin der hast wis fan dat it in hoanne is, en dan liket er op dy okse fan in heit fan him. Dy rint noch altyd mank. De oare hat skynber mear ferstân, sil wol in hin wurde, want dy hat oan de goede kant oanpikt. De domkop, sis mar, pipet dat it sta seit. Wol no al holpen wurde, no, hy moat noch mar in dei syn bêst dwaan. Spitich, hjoed noch gjin ...