De Ferkâlden Fries
Mei tank oan myn webmaster (lês dochter, gjin digibeet lykas ik) in oar kleurke op de Stikelstekker-side. En sy kin ek goed mei foto's omgrieme, sa't jimme rjochts boppe-oan sjen kinne.
It heazet my yn de kiel, en dat soarget daliks foar stres. Freeslike senuwlijer as ik bin, komt der in skala oan oplossings op it kleed. De pot mei sâlte drop wurdt plundere, ik tink nei oer in heale liter krûdedrank út Boalsert en sykje op ynternet om in foardielpak Codeine. Boppedat hat immen ea tsjin my sein dat je dan stoef smoke moatte, omdat reek slym oplost. Dus ik doch myn bêst.
It is mei ôfstân de grutste ergernis dy't der is. Ferkâlden. In goede Fries is altyd ferkâlden? Krij mar moai de hik, dan bin ik wol in Drint. In drama. It wetter rint my ta de earen út, en de sfear yn hûs knapt der faak net fan op. Sil wol yn de famylje sitte. Myn pake bygelyks. As dy prûste moast, sette er sa ta, dat de heale Streek yn Sint Jut tsjin it plafon stuitere, sa'n leven. En je seagen it net oankommen, want hy siet immer efter de LC, te sykjen om Fryske teksten, wol ik leauwe :-). Ek mar goed, koe de krante de rachels moai opkeare.
Lij wetter, in groch, buiskes Chefarine4, liters jenever, it helpt neat, de tiid moat it dwaan. Wol ha 'k my altyd ôffrege wat it nut is fan ferkâlden wêze. As dat der al is, teminsten. Wurdt in minske der better fan? Is dêr al ris yngreven ûndersyk nei dien?
Ik soe optearje wolle foar in meldpunt foar De Ferkâlden Fries, soks is dochs tige yn de moade, hjoed-de-dei. Litte we, folksnasjonalistysk as we binne, der mei syn allen foar lizzen gean en dizze kear rjochtdei hâlde mei snotte, rachels, noasdrip, koartsplakken, potten, skele pine yn de kop, bûnzende sliepen, piipjende kielen yn de nacht en net te ferjitten it beskamsume snuten, prûsten en sûnder bûsdoek leegjen fan de noas. Wa nimt it foartou? Ik net. Ik ben ferkâlden. Hatsjoe!

Reacties
Een reactie posten