PIIIIP!!!

PIIIIIIP!!!!
Dat hear ik om de pear tellen. Ik wit dat der op de klaai bot meilibbe wurdt, dus efkes in updeet oer de aaien. Moarn lizze se der trije wiken yn, mar omdat se doe stienkâld wienen, soe it samar in dei langer duorje kinne foardat se útkomme. Mar de earste twa binne oanpikt. Wol daliks wer frijwat kloaterich, dizze pyk sil ekstra wurk ha om it op te rêden. Hy leit ferkeard om, soenen we by in ko sizze. Efkes útlizze: in aai hat in puntige kant en in stompenien. As it goed is, pikt sa'n pyk oan de stompe kant it aai oan. Dêr hat er de romte om derút te krûpen. Dit slûchslimme eksimplaar sil him troch in trachter wrotte moatte. Ik bin der hast wis fan dat it in hoanne is, en dan liket er op dy okse fan in heit fan him. Dy rint noch altyd mank. De oare hat skynber mear ferstân, sil wol in hin wurde, want dy hat oan de goede kant oanpikt. De domkop, sis mar, pipet dat it sta seit. Wol no al holpen wurde, no, hy moat noch mar in dei syn bêst dwaan. Spitich, hjoed noch gjin foto, dus.

Ik bin net sa fan in namme jaan oan hinnen, geiten en katten. Meastal komt buorfrou mei in idee, of de bern. Mar dizze kear sil ik in útsûndering meitsje. Wat soenen jim no in geskikte namme foar de twadde hoanne fine? Dizze earste is no al te dom om foar de duvel te dûnsjen, dus we gean foar de twadde. En de earste hin. Reagearje kin fia de bekende paden.

Goed, oant safier. Jûn nei it balskoppen tsjin NAC, mei Jelle fan De Jouwer op 'e goal, mar earst moat ik noch nei de Hoofdplaats. Brainstoarmje. Wat sei?

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

SC Heerenveen, het echte verhaal

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Links en rjochts