Gjin besite, gjin blommen
Moarn is it wer ris safier. Ien kear yn it jier komt je dat oer. IJs en weder dienende sil it foar my de 43e kear wurde. It falt my op dat it hast net mear yn letters te skriuwen is. Trijeenfjirtichste? Gjin gesicht. Dat treft, want ik sjoch der ek net út. Myn noas is stikkensnuten, dat sil fêst gjin geef Frysk wurd wêze, mar jim snappe it wol. Dus komt it moai út dat ik it drok ha, in pear dagen ekstra om de saak wat yn de ploai te krijen.
Junior sei sa slûchslim dat ik ferline jier ek ferkâlden wie mei myn jierdei. Yngreven ûndersyk hat opsmiten dat se gelyk hat. Neffens my bin ik dêrnei net wer heal west, dus in gemiddelde fan ien kear yn it jier, dat koe minder. Eartiids, doe't ik noch yn de ploegentsjinst siet, wie dat gâns heger. It skynt dat ik no yn in dei as fiif genôch antystoffen byelkoar garje om der in jier tsjinoan te kinnen.
Hiel stadich begjint it skroeierke wer te smeitsjen, dat is in wichtich ûnderdiel fan wêr't je yn it herstelproses sitte.
O, ja. Foar de fêste folgers: Oepke en Sukkeltsje sitte ûnder de waarme lampe, je soenen der jaloersk op wurde.

Reacties
Een reactie posten