Boppeslach
Genôch om oer te skriuwen, hjoed.
Cohen fuort. Populisme wint fan it fatsoen.
In misferstân oangeande it ferstjoeren fan in berjocht oan de parse by de gemeente. Hè?
In dirigint dy't yn it harnas omfalt. Tsja...
Sven en Ireen. Marginale sport, ik sis it net graach, mar it is wol sa.
Keukenrol as wetterstoppe yn de noas. Sit net ien op te wachtsjen.
Nee, lit my ris lekker in iepen doar yntraapje. Soms ha je dat nedich. Maklik skoare. Komt ie!!!
Ha jim hjoed ek nei Boppeslach sjoen? It sportprogram op ús Omrop? Simone mocht it oanelkoar prate. Fan Dennebomen oant Cambuurferliezen. En Simone seach strak. Want ja. Dit nijs is eins gjin nijs. It echte nijs op sportmêd spilet him DKV ôf. Yn It Feen. Mar ja. Dy ha in supermerkfoarsitter, dy't de klup, lykas de foarrige direksje 'vermarkt', en yn dat plaatsje past de Omrop net (lês jild). Komt by dat Veenstra not on speaking terms is mei de redaksje. No kin ik my dêr wol wat by foarstelle. Wa't de langste teannen hat wit ik net, mar se stekke fan beide kanten hast oan Grou ta. Dat is dus hearlik. Foar insiders. Net foar de trouwe sjoggers fan de Omrop. Litte we wol wêze, in folksklup as it Feen soe eltse moandei trije minuten te sjen wêze moatte op de regionale rampenstjoerder, of net dan? Mar yn balskoplân slacht it jild ek yn It Feen foar master op. Dus moatte we it dwaan mei in praatsje op de trening, Geert Arend dy't noch wolris wat sizze wol, en Ron Jans, dy't him tsjinoer de Omroppers altyd kreas opsteld.
Stel no, It Feen soe noch in pear potsjes winne, en der komt wat koartsich, populistysk en koart troch de bocht praat oer it K-wurd. Dan sille de minsken dy't altyd nei de Omrop sjogge it mei de iepening fan it keatsseisoen dwaan moatte. Of mei in hynder, rêden fan de ljirreslachter. En mei Simone, dy't al mar mei in strakker gesicht de teksten opseit. Miskien is der ljocht oan de ein fan de tunnel, juster seach ik dat in tweet fan Hearrenfean-deskundige (?) @roelofdevries83 beändere waard troch @RobertVeenstra. It sil my benije.

Reacties
Een reactie posten