Tryst ferhaal, dit. Mei alle goede bedoelings, mar soms rint it oars. Wêr ha ik it oer? Myn wytweiten hoanne. Ik bin fan doel om dizze maitiid wer in team piken út te brieden, dat dan moatte jo maatregels nimme. Earst ljocht yn it hok, en dan komme de aaien fansels. Ik ha it bêste mei myn hoanne foar, dat de moaiste hintsjes byelkoar set en dêr mocht menear mei rêde. Earebaan. No ha wy trije hokken, twa mei wytweiten en ien mei gielwytweiten hinnen. Skieden troch gaas. Neat mis mei, mar de beide hearen wienen al gjin freonen, dat it is echt in flater fan de baas. It wytweiten hearskap bedarre yn it middelste hok. Fout. In pear oeren letter hong er yn it gaas, mei de poat omheech. Fansels oan it knokken west mei buorman. Mar hy hat sokke lange spoaren dat er klem kaam te sitten, yn ûnmacht. Mei it smoar yn, want syn hiele seksappeal nei de bliksem. De dames tippelen wat by him lâns, mar ja. Ik ha him losmakke, en no rint er sa mank as it mar kin, de sukkel. Hy trêdet net, sit as in ...