Spekulaasje
De trener fan SC Hearrenfean ferlit oan de ein fan it jier de klup. Myn foarsizzing is dat as It Feen trije kear efter elkoar it skip yn giet, it fertrek wolris wat earder komme kin. Mar dat is net oars. No begjint fansels it grutte spekulearjen oer wa't Jans syn opfolger wurde sil en moat.
Der kaam net in wurd út de foarsitter oer wa't se op harren list stean ha, mar dat is yn de wrâld fan it fuotbaljen frijwat normaal. Lige, bedoel ik. Of net sizze wat je wol witte, dat is wat foarsichtiger sein. Der wie in tiid dat It Feen pas wat nei bûten brocht as alles al klear wie, mar dat is alwer efkes lyn. Doe hie eltse sjoernalist in grouwelige hekel oan Riemer en syn maten, want dy seinen nea wat. Alearen, net mear oan tinke.
Fansels is der neitocht oer hoe no fierder. En in list mei treners kin elts meitsje. Mar se moatte passe. De dreamde opfolger fan Jans hat sa goed as tekene yn Twente, dus MC Claren kinne we skrasse. Jammer. Wat is der dan yn Nederlân noch oer? Adriaanse wol net en past ek net. Tefolle rânestêd, dy wurdt dea-ûnwennich hjir.
Erwin Koeman? Hat neat mei It Feen. Huub Stevens? Goede trainer, mar sit prima by Schalke 04. Alex Pastoor? Sil ea wol trener by It Feen wurde, mar no noch net. Guus? Te djoer. Dick? Te djoer. Ruud Krol? Dy sit al sa lang yn oare lannen dat er net folle mear fan it Nederlânske fuotbal wit. Fred Rutten? Giet nei Dútslân. Mario Been? Hat hjir spile, mar nee, tink it net.
Sa binne der noch wol tsien. In Fryske trener soe ek aardich wêze, mar dy binne der net in soad mei de goede papieren. Yn Grins rint noch ien om, mar dy hat ek neat mei It Feen. Dus: dreech. Foppe sil it net mear dwaan, en tsja, dan is der noch ene Verbeek. Dy sit oer de dijk, en hat noch twa jier kontrakt by AZ. Dat liket ek net te slagjen, safolle jild is der net. (Noch net, dy twa hurddravers skine no al nei it grutte jild te longerjen, dus wa wit)
Meitsje der mar tabak fan. As it ien fan boppesteande mannen wurdt, soe it my benije. Omdat de direksje fan It Feen MC Claren sjitte litten hat, is myn favoryt gjin Ingelsman. Wol in bûtenlanner, no coach fan it Deenske âlvetal. Morten Per Olsen. En dus sil dy it ek wol net wurde.

Reacties
Een reactie posten